Feilichheidsregio: "Yn Fryslân gesellich drok mei Himelfeart"

Op Himelfeartsdei wie it prachtich moai waar en in soad Friezen sochten fertier bûten de doar, nei alle coronabeheinings fan de ôfrûne tiid. Dat soarge hjir en dêr foar aardich wat drokte yn ús provinsje.
NOCH Feilichheidsregio oer drokte (live)
De Veiligheidsregio Fryslân slút net út dat der op dizze sierlike en drokke Himelfeartsdei in pear boetes útdield binne. Mar de minsken hâlde harren oer it algemien goed oan de coronaregels, seit Saskia van den Broek fan de Veiligheidsregio Fryslân. De organisaasje kin inkeld mar warskôgje, boetes jaan dogge oaren, lykas de plysje en de gemeenten.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Saskia van den Broek kwalifisearre de situaasje op Himelfeartsdei as 'gesellich drok', en op in pear plakken 'krekt wat te drok.' Se ferwachtet dat it de kommende dagen wat rêstiger wurdt mei publyk bûtendoar, ek omdat it waar krekt wat minder moai wêze sil.

"Gean net te fier fuort"

Mar se wol dochs wol de warskôging meijaan dat minsken net nei drokke plakken gean moatte en yn de eigen omjouwing bliuwe moatte.