Nienke waard jierrenlang belle oer har troujurk: "Hy is noch hieltiten te keap"

21 maaie 2020 - 17:29

Nienke Spoelstra waard jierrenlang belle mei de fraach oft se har troujurk ek te keap hie. De reden? Har telefoannûmer kaam foar yn it ferske 'n Sneeuwwitte Bruidsjurk, fan Henk Wijngaard. En jawis, ek Nienke hie sa'n moaie wite troujurk yn de kast te hingjen.

Troujurk - Foto: Rechtenvrij

It wie it jier 1988 doe't Henk Wijngaard in hit hie mei it nûmer 'n Sneeuwwitte Bruidsjurk. 'Voor een prikkie, een sneeuwwitte bruidsjurk', sjongt Wijngaard yn it nûmer. 'Ik verloor al m'n hoop, daarom is 'ie te koop. Telefoon 2604'

Guon minsken namen dat krekt wat te letterlik. En dan krigen se Nienke Spoelstra oan de telefoan, dy't yn de radio-útstjoering fan Linklist fertelt dat se dêrom wol gauris belle waard mei de fraach oft har troujurk ek te keap wie. Want 'telefoon 2604', dat wie hár nûmer.

"It wiene faak jonges", fertelt Nienke oer de nijsgjirrige bellers. "Dan sei ik 'ja',mar dan leine se gau de hoarn der wer op." Nei al dy jierren hinget de troujurk dêrom noch hieltyd by har yn de kast. "Hy is noch hieltiten te keap. Mar nei al dy ferhalen freegje we der in protte jild foar", laket se.

Henk Wijngaard

Ek Henk Wijngaard fynt it wol in moai ferhaal. Yn de útstjoering fan Linklist fertelt er: "Wat een verhaal, dat je werd gebeld door dat nummer 2604 in mijn liedje . ik hoorde dat je al die jaren nog steeds gelukkig getrouwd bent, en zelfs die trouwjurk nog steeds hebt. Geweldig!"

Johan Terpstra bellet mei Nienke oer har troujurk

(advertinsje)
(advertinsje)