Kalsbeek, Fryske grûnlizzer fan it shorttrack ferstoarn

21 maaie 2020 - 16:25

Yn syn wenplak Ljouwert is ôfrûne snein Symen Kalsbeek ferstoarn. Kalsbeek wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it Fryske shorttrack. Syn bynamme wie Symen Shorttrack en yn âlde kranten wurdt er de 'aartsvader van het Friese shorttrack' neamd. Kalsbeek is 91 jier wurden.

Symen Kalsbeek - Foto: KNSB

Ein jierren '70 wenne Kalsbeek yn Amsterdam in iepen NK shorttrack by en doe wie er fuortendaliks ferkocht. Doe wie Kalsbeek al aktyf as bestjoerslid yn it Gewest Fryslân fan de KNSB. Hy rjochte Trias op, de shorttrackferiening fan Ljouwert, en waard ek foarsitter. Dat hat er 25 jier lang west en oant op hege leeftiid wie er as frijwilliger belutsen by it shorttrack yn Fryslân.

Alvestêdekrúskes

Yn de jierren '80 waard Kalsbeek ploechlieder by it nasjonaal shorttrackteam en reizge er de hiele wrâld oer. Omdat er ek in protte frijwilligersfunksjes hân hat, waard er yn 2005 beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Fierders wie er earelid fan it bûn fan iisklups en lid fan fertsjinste fan de KNSB. Yn in interview hat er lykwols ris sein dat syn trije alvestêdekrúskes him mear wurdich wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)