Demonstraasje yn Harns foar lanlike opfang flechtlingebern: "Keer het tij"

21 maaie 2020 - 21:32

By de kearmuorre yn Harns demonstrearje tongersdei 30 minsken foar it opnimmen fan 500 flechtlingebern út Grikelân. It is in partikulier inisjatyf, mar past by de oare protesten dy't oeral yn it lân plakfine. Harns is ien fan de gemeenten dy't de bern opfange wol, en hat him dêrmei oansletten by de saneamde "Coalition of the willing".

De kearmuorre is net in samar it plak dêr't it stille protest plakfynt. It hat in symboalyske betsjutting, want it is tiid om it tij te kearen, fine inisjatyfimmers Brigitta Scheepsma en Stephanie Geurtz. "We willen graag dat de kinderen vanuit Griekenland hiernaartoe komen." Scheepsma doelt op de flechtlingebern, dy't sûnder âlden nei Europa kamen. Tal fan gemeenten lieten it regear witte dat sy iepenstean foar de opfang fan de bern. It protest fan tongersdei is op 'e nij in needgjalp oan it kabinet. Scheepsma: "De keermuur laat zien: 'Keer het tij, kijk niet weg'."

Dat it kabinet noch hieltyd net achter de opfang fan de flechtlingebern stiet, fynt Scheepsma dreech te befetsjen. "Het is werkelijk niet te geloven - onvoorstelbaar - dat Nederland nog steeds 'nee' zegt. Er zijn onderhand meer dan 80 gemeenten die zich aangesloten hebben. In de provincie Drenthe is het ook aangenomen. We vragen ons af hoe dit zo genegeerd kan worden", fynt sy.

Coronafirus yn de kampen

"Ik vind ook dat in een jaar waarin we 75 jaar bevrijding herdenken, met de herinnering aan kampen, dat we deze mensen in de kampen in Griekenland niet mogen vergeten, niet mogen wegkijken. Het is een humanitaire ramp die daar plaatsvindt." Scheepsma wit dat der ek yn de flechtlingekampen corona konstatearre is, yn alle gefallen yn twa dêrfan. "Mensen hebben daar ook niet dezelfde voorzieningen als hier." De kampen bliuwe sletten troch it firus: gjin bewenner mei der no yn of út. "Het is onvoorstelbaar dat we niet in staat zijn om dit op te lossen voor deze mensen."

It coronafirus hat ek syn gefolgen foar it demonstrearjen yn Harns. Scheepsma krige tastimming om mei 30 minsken op de kearmuorre te demonstrearjen. Elkenien moat oardel meter ôfstân hâlde. En de kommende wiken sil dat him hieltyd werhelje, yn alle gefallen oant 4 juny. "We gaan hier elke donderdag staan. Vanaf vanavond."

Brigitta Scheepsma oer it stille protest op de kearmuorre

'Coalition of the willing'

De gemeenten dy't oanjûn ha dat sy wol flechtelingebern opfange wolle, binne feriene ûnder de namme 'coalition of the willing'. Harns is ien fan dy gemeentes. Ek Noardeast-Fryslân makke bekend dat se in moatsje oannommen hawwe foar de opfang fan flechtlingebern.

(advertinsje)
(advertinsje)