Lilkens om Tresoar-plan: "Dit is in fierdere ferskraling fan sa'n wichtich ynstitút"

21 maaie 2020 - 13:50

It is in ferskriklik min idee om Tresoar by de oerheid wei te heljen en ûnder te bringen by de provinsje of gemeente. Dat seit histoarikus Arjen Dijkstra fan de Ryksuniversiteit Grins. "Ik wurd der sels in bytsje lilk fan. We moatte net alles mar desintralisearje, want dat bart no."

Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar - Foto: Wikimedia Commons

Minister Arie Slob wol dat alle tolve histoaryske sintra, wêrûnder Tresoar, nei 2024 net mear ûnder in Ryksregeling falle. Neffens de provinsje Fryslân kin dat hielendal net, omdat Tresoar wichtich is foar de Fryske taal en kultuer. It Ryk hat dêr in soarchplicht foar. De provinsje hat in brânbrief nei Slob stjoerd.

Gong fan saken ferkeardom

Dijkstra is lilk oer de gong fan saken. "It moat oarsom: as de minister in plan hat, moat er earst mei de provinsjes prate. Yn Fryslân hielendal, want Tresoar is ynternasjonaal dé biblioteek fan in hiele taal. As Slob dêrfan ôf wol, moat er earst yn petear. Mar dat docht er net. No moat der earst wer in brânbrief komme. Yn stee fan dat der earst in petear komt, giet it oarsom. Alwer."

"De provinsjale histoaryske sintra hearre by it Ryk", seit Dijkstra. "Dêr moatte we foar soargje. No wurdt it loskeppele, mar dat kin net. En yn Fryslân is it noch wichtiger, want it giet oer ús taal." No wol de minister dus dat it ûnder de ferantwurdlikheid fan de provinsjes of gemeenten komt. "It is wol in goed idee dat de provinsje der bot by belutsen is. It giet ús allegear oan, it is ús Rykstaal en ús argyfwêzen."

Dit is allinnich mar in opmjitte nei fierdere ferskraling fan in ynstitút as Tresoar.

Arjen Dijkstra

Finansjeel soe it gjin gefolgen ha, mar dochs is der reden ta soarch. "It is in earste stap by it Ryk wei. No't der in krisis is en it jild op rekket, is it in gefaar dat it Ryk net mear ferantwurdlik is. It Ryk is in folle sterkere partij en kin sa'n ynstitút folle better troch de krisis slepe. Boppedat: ha we oer tsien jier noch wol in provinsje Fryslân? Dit is allinnich mar in opmjitte nei fierdere ferskraling fan in wichtich ynstitút as Tresoar."

(advertinsje)
(advertinsje)