Smoardrok by ferhier boatsjes: "Krekt of spilet corona hielendal net"

21 maaie 2020 - 12:17

It is de earste smoardrokke dei fan it jier foar boatsjeferhierbedriuwen yn Fryslân. By wettersportbedriuw Anja yn Grou binne alle boatsjes útferkocht. "It is krekt of spilet corona hielendal net", seit Allard Dijkema fan it bedriuw. Yn de hiele provinsje is hast gjin boatsje mear te krijen.

"Sa drok ha we it dit jier noch net hân", fertelt Dijkema. "Minsken binne der wol oan ta, no't se in soad thús sitte. De telefoan giet de hiele tiid troch. Minsken sykje it lêste beskikbere boatsje fan Fryslân."

Dijkema moat no dus wolris 'nee' ferkeapje, ek as grutte groepen net út ien famylje komme. "We krije in soad oanfragen fan freonegroepen of fan ferskate famyljes dy't yn ien boat wolle. Dat kin net. Dan krije we wolris ûnbegryp, mar we moatte ús oan de regels hâlde."

Allard Dijkema en twa boatsjehierders

(advertinsje)
(advertinsje)