Van der Ploeg en Angenent dogge Alvestêdetocht lâns ferpleechhûzen

21 maaie 2020 - 08:57

Al jierren dogge sjonger Syb van der Ploeg en Alvestêdetochtwinner Henk Angenent op pinkstermoandei de fytsalvestêdetocht. Dy giet dit jier net troch yn de gewoane foarm, mar dizze Himelfeartsdei fytse de twa dochs lâns de alve stêden. Dêr stekke se bewenners fan ferpleechhûzen in hert ûnder de riem.

Syb van der Ploeg:

"In pear wike werom belle Henk my", seit Van der Ploeg. "Dat we de tocht dochs even fytse moatte. Doe ha we sein: dan moatte we der ek in goed doel oan hingje." Van der Ploeg wist wol wat dat wurde moast. "Ik hie krekt in pear optredens dien by ferpleechhûzen en ik seach hoe't minsken dêrfan genieten."

Minsken yn de ferpleechhûzen en wensoarchsintra ha it yn dizze coronakrisis ekstra dreech, omdat de doarren al mear as twa moanne op slot binne foar besite. "No ha se hjoed even wat oars oan de holle", seit Van der Ploeg. "Yn alle stêden jouwe we by in ferpleechhûs in optreden fan 20 of 30 minuten."

Gjin evenemint

By hokker ferpleechhûzen krekt, wurdt yn it foar net bekend makke, want it is net de bedoeling dat der minsken op ôfkomme. "It moat in lyts groepke bliuwe, it is gjin evenemint. We moatte allegear op ôfstân fan inoar bliuwe. Ek it stimpeljen moat op ôfstân. Hooplik is dit allegear gau oer, gelokkich kin ik hjoed wol wer wat spylje."

De start wie om 7.00 oere hinne by De Swette yn Ljouwert. En hoe let binne se klear? "Mei dy alve optredens fan 20 of 30 minuten sitte we al op seis oeren. Hooplik rêde we it fierder op om gemiddeld 30 kilometer yn 'e oere te fytsen. Dan binne we om 21.00 of 21.30 werom yn Ljouwert. It wurdt fjirtjin oeren lang buffeljen."

Henk Angenent en deputearre Avine Fokkens:

(advertinsje)
(advertinsje)