Coronanijs fan 21 maaie: Drokte troch waarme waar nettsjinsteande corona

21 maaie 2020 - 21:00

Yn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:

  • It wie drok mei Himelfeartsdei, mar net gefaarlik drok neffens de Veiligheidsregio Fryslân;
  • Syb van der Ploeg en Henk Angenent fytsten by alve ferpleechhuzen del;
  • It wie drok by de boateferhier en op it strân fan Makkum;
  • Lanlik binne der sûnt juster 13 nije pasjinten mei corona opnaam yn it sikehûs;
  • Der binne 27 minsken stoarn, it stjertesifer leit no op 5775.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Wy slute dit liveblog. Tank foar it folgjen en in goede nacht.

22:00
Hierferleging SC Hearrengean fanwege corona? Sportstêd wit fan neat

Sportstêd Hearrenfean wit fan neat oer oanfrage hierleging of útstel troch SC Hearrenfean. Dat soe dien wêze fanwege de coronakrisis.

21:10
Oars nei de sted sjen op coronaproof autokeunstrûte Ljouwert
21:08
Feilichheidsregio: "Yn Fryslân gesellich drok mei Himelfeart"
21:04
Ynternasjonaal reedrydbûn beslút foar septimber oer kalinder

De ISU nimt foardat it septimber is, it beslút oft de earste wrâldbekerwedstriden langebaan en shorttrack fan it nije winterseizoen trochgean kinne. Tsien wiken foar de wedstriden om de wrâldbeker moat dúdlik wêze oft de sitaasje feilich is fanwege it coronafirus.

16:15
Plysje kontrolearret by Prinsetún yn Ljouwert
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
15:50
Coronamaatregels op pontsje Earnewâld
Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies
13:58
Fryske sifers

It tal posityf teste persoanen yn Fryslân leit op 579, der binne 64 Friezen oan it firus stoarn. De lêste sifers binne fan woansdei. De GGD Fryslân komt elke moandei, woansdei en freed mei nije sifers.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)