Campinggasten binne kreatyf no't alle sanitêr noch ticht is

It wurdt goed tweintich graden, drûch en it is it begjin fan lang himelfeartswykein. In soad campings yn Fryslân rinne dizze dagen fol. Dochs is dat yn coronatiid wol lestiger, want alle sanitêrgebouwen op de campings moatte bygelyks noch ticht bliuwe. Campinggasten wurde kreatyf: "We hebben hier een douchetentje. Daar hangen we een zak water in op en dat pompen we omhoog. En dan kun je lekker douchen!"
© Omrop Fryslân, Jeroen Boersma
Camping De Waps yn Aldemardum begjint stadichoan fol te rinnen. De kampearplakken op de camping binne rom opsetten, dus de oardel meter bewarje, is gjin inkeld probleem. "We zitten bijna vol. We missen alleen de kleine tentjes, maar voor de caravans zitten we wel zo'n beetje volgeboekt", fertelt eigener Patrick Jaasma.
By tintsjes is it dochs wat te lestich om in eigen húske en in eigen dûs mei te nimmen. Foar caravans en campers is dat wol te dwaan. Jaasma: "Het is ongelooflijk hoe inventief mensen zijn. Iedereen heeft een eigen tentdouche gekocht en bijvoorbeeld zo'n ouderwetse Porta Potti. De mensen zijn eigenlijk helemaal zelfredzaam!"

In lytse opstekker

Yn april is Jaasma noch hielendal ticht bleaun. Doe't it firus sa hurd opkaam yn Nederlân, woe er net it risiko nimme dat it troch syn camping ek yn Gaasterlân ferspriede soe. No is er bliid dat der wer gasten binne: "Dit weekend is eigenlijk even een gelukje. Een kleine opsteker. Je ziet weer een klein beetje beweging komen. Daar mag je toch wel heel blij mee zijn, ja."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma seach op camping De Waps