Ek yn Twadde Keamer fragen oer plan minister om Tresoar ôf te stjitten

Der komme Keamerfragen oer it foarstel fan minister Arie Slob om alle histoaryske sintra, wêrûnder Tresoar, mei yngong fan 2024 ôf te stjitten. De ynstellingen soene dan net mear ûnder in Ryksregeling falle. Dat is tsjin it sin fan ûnder oare it Fryske CDA-Keamerlid Harry van der Molen, dy't der fragen oer stelt oan de minister.
De stúdzjeseal fan Tresoar yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Sian Wierda
"De minister kin syn hannen net ôflûke fan it Histoarysk en Letterkundich Sintrum Tresoar", seit Van der Molen. Ek neffens de provinsje Fryslân kin dat net. Tresoar is wichtich foar de Fryske taal en kultuer en it Ryk hat dêr in soarchplicht foar. Dêrom hat de provinsje earder ek al in brief mei soargen nei de minister stjoerd.
As it plan fan Slob trochgiet, falle de tolve ynstituten yn Nederlân ûnder provinsjes en gemeenten.

Ynternasjonale ferplichtingen

"Tresoar is in bewar- en samlingsplak dat mei Fryske taal en literatuer út te stean hat", sei deputearre Poepjes earder. "En der binne ynternasjonale ferplichtingen foar de Ryksoerheid om de twadde Rykstaal dêr yn te betsjinjen." Neffens de provinsje is it Ryk mei de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer en it Europeesk Hânfêst ferplichte om him yn te setten foar Tresoar.
Ek wat Van der Molen oanbelanget moat it plan fan Slob oanpast wurde.