Fiiftal tekenet by frouljusteam SC Hearrenfean

SC Hearrenfean hat foar kommend seizoen fiif nije spylsters oanlutsen. It giet om Eef Kerkhof (PSV), Jamie Altelaar (SV Cloppenburg), Jasmijn Duppen (VV Alkmaar), Kirsten van de Westeringh (Ajax) en Francisca Cardoso út Portugal (SC Braga).
© ProNews
It fiiftal hat woansdeitemoarn de hantekening set ûnder in ienjierrich kontrakt. De nije spilers binne al yntrodusearre oan it team. Dat wie by Cardoso noch in hiele útdaging yn ferbân mei de strange coronamaatregels yn Portugal. Mei behelp fan Skype en FaceTime slagge dit lykwols dochs noch.