Auto fljocht út de bocht en bedarret yn foartún yn Nij Beets

20 maaie 2020 - 21:17

Op de Swynswei by Nij Beets is woansdeitejûn in auto út de bocht flein, oer de kop slein en yn in foartún ta stilstân kaam. Yn de auto sieten twa persoanen, sy rekken net ferwûne.

Foto: De Vries Media

Sûnt moandei leit der nij grint op de dyk en nei alle gedachten is dit de oarsaak fan it ûngelok. Earder dizze wike bedarre der al in auto yn de sleat nei in lange remaksje.

In bergingsbedriuw sil de swier skansearre auto bergje. De foartún rûn lichte skea op troch it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok Nij Beets Swynswei
(advertinsje)
(advertinsje)