Yn heger berop 20 moannen sel easke foar gewelddiedige ferkrêfting

20 maaie 2020 - 20:09

Tsjin in 26-jierrige Drachtster is woansdei 30 moannen sel easke, wêrfan 10 moannen ûnder betingst, om't er op 20 maaie foarich jier yn syn wenplak in frou yn har eigen wente ferkrêfte hawwe soe. De eask yn heger berop is lyk oan de straf dy't de Drachtster foarich jier yn oktober oplein krige fan de rjochtbank.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Drachtster bewearde dat it slachtoffer frijwillich seks mei him hân hie. Doe't hy wegere har jild te lienen en hy sei dat hy de relaasje beëinigje woe, soe de frou út wraak oanjefte dien ha fan ferkrêfting.

Neffens de frou grypte de man har by de kiel doe't sy wegere mei him te krûpen. Yn de sliepkeamer drige hy har de eagen út te stekken en dea te meitsjen.

De frou belle achterôf yn panyk oan by in buorfrou. Se woe nei it sikehûs om't se ûnfeilige seks hân hawwe soe mei de fertochte. De buorfrou sei dat se nei de plysje gean moast. Beide belutsenen hawwe in Eritreeske achtergrûn en koene elkoar fan it asylsikerssintrum.

De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)