Direksje Cambuur hopet op antwurden yn petear mei KNVB-top

20 maaie 2020 - 18:19

Gerald van den Belt hopet moandei antwurden te krijen fan de KNVB-direksje. De direkteur fan SC Cambuur sit noch mei in soad fragen. Hy is troch it fuotbalbûn útnûge, tegearre mei kollega Ard de Graaf en de direksje fan De Graafschap, om te praten oer de promoasje- en degradaasjesoap.

Nei de útspraak fan de rjochter yn it koart pleit, dat Cambuur en De Graafschap ferlearen, kaam KNVB-direkteur Eric Gudde mei in útnûging oan beide klups. Ien fan de saken dy't Van den Belt op 'e tafel smite wol, is finansjele kompensaasje. "Het is duidelijk dat wij een financieel belang hebben en dat wij vinden dat er behoorlijk schade is berokkend aan de club." Hoefolle jild de Ljouwerters ferlangje, wol Van den Belt net sizze.

Mar, dat is net it iennige ûnderwerp fan petear. "Verder ben ik heel benieuwd naar verdere motivaties achter de keuzes die gemaakt zijn en hoe men daar nu tegenaan kijkt. Zeker in relatie tot alle uitspraken die in de rest van Europa plaatsvinden."

"Gesprek kan helpen"

Nederlân is oant no ta de iennige kompetysje dêr't gjin klups promovearje en degradearje. Eltse kear dat in lân bekend makket dat der 'gewoan' promoasje en degradaasje plakfynt, docht it Van den Belt wer sear. "Persoonlijk zou ik het heel mooi vinden als de KNVB zou aangeven dat ze zelf bewust zijn dat het een hele rare beslissing is geweest. Ik vind nog steeds dat het voetbal en onze prestaties hiermee kapot is gemaakt. Tegelijkertijd moeten we verder en kan gesprek helpen als verwerking van ons als club."

Gerald van den Belt en Ard de Graaf, direkteuren fan Cambuur - Foto: Orange Pictures

Cambuur en De Graafschap soene noch yn heger berop gean kinne tsjin de útspraak fan de rjochter. De promoasje en degradaasje op de aginda sette fan de algemiene ledegearkomste fan de KNVB is ek noch in mooglikheid.

Wat Cambuur docht, hinget neffens Van den Belt ek fan it petear fan moandei ôf. "We hebben dat de afgelopen dagen met rust gelaten. Pas na maandag gaan we nadenken over hoe nu verder en of we ons erbij neerleggen. Dat zal ook van de inhoud van het gesprek afhangen."

(advertinsje)
(advertinsje)