Gemeente: terrassen yn Ljouwert meie fan 1 juny ôf wer iepen

20 maaie 2020 - 17:01

Fan 1 juny 12.00 oere ôf meie de hoarekaterrassen yn de gemeente Ljouwert wer iepen foar besikers. Om de besteande hoareka-ûndernimmers te stypjen, hat de gemeente besletten it ienfâldich mooglik te meitsjen om in tydlik terras te iepenjen of in besteand terras tydlik út te wreidzjen. Dêrby bliuwt it wichtich dat minsken rekken hâlde mei elkoar en de rjochtlinen fan it RIVM, meldt de gemeente.

Foto: Omrop Fryslân

Yn ôfstimming mei it bedriuwslibben binne der spulregels opsteld dy't it foar de hoareka-ûndernimmers maklik meitsje om in tydlik terras te iepenjen. Sa is der foar de oanfraach gjin spesjale fergunning nedich en wurdt der ek gjin prekario heft. Dêrneist hat de gemeente de oanfraachproseduere sa ynrjochte dat oanfragen goed en rap ôfhannele wurde kinne.

Privileezje, gjin rjocht

Fansels moat it tydlike of útwreide terras foldwaan oan feiligensmaatregels en oan de jildende spulregels. By it ferdielen fan de krappe iepenbiere romte spylje nammentlik in soad belangen mei. Sa wurdt fan ûndernimmers ferwachte dat se foar in oanfraach goed it petear mei de omjouwing oangien binne.

Gearwurking tusken hoareka-ûndernimmers wurdt stimulearre om de beskikbere romte sa earlik mooglik te ferdielen. De ferromme terrasmooglikheden binne, seit de gemeente mei klam, in privileezje en net in rjocht. Hoareka-ûndernimmers dy't har net oan de spulregels hâlde, kinne dit privileezje wer kwytreitsje.

Maatregels kinne weromdraaid wurde

Om't it ûnwisse tiden binne, is it neffens de gemeente mooglik dat ferromme maatregels letter net genôch blike om de fersprieding fan it firus te beheinen en dat strangere maatregels nedich binne. De ferromme terrasmooglikheden kinne dan wer weromdraaid wurde. Yn kombinaasje mei de feroarjende RIVM-rjochtlinen betsjut dat ek dat de regels feroarje kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)