Provinsje wol kwart miljoen stipe jaan oan kultuer yn Fryslân

De provinsje lûkt 250.000 euro út om de kulturele sektor te stypjen. De kwart miljoen is in oanfolling op it jild dat it Ryk beskikber stelt. Dochs leit de haadferantwurdlikheid foar de coronastipe fan kultuer by de lanlike oerheid, fynt deputearre Sietske Poepjes.
Provinsje wol kwart miljoen stipe jaan oan kultuer yn Fryslân
It giet om stipe foar de gruttere ynstellingen, lykas skouboargen en grutte musea. It Ryk stelt 30 miljoen euro beskikber foar de regio. Betingst is dat regionale oerheden jild bylizze.
Oare provinsjes binne ree om mear jild by te lizzen as Fryslân, sa as Drinte mei 1 miljoen en Brabân mei 4 miljoen euro. Provinsje Fryslân fynt it foaral de taak fan de lanlike oerheid om de kultuer te kompensearjen. "De needsaaklike lockdownmaatregels binne troch it Ryk ôfkundige, dus ek it Ryk sil dat kompensearje moatte", sa seit Poepjes.

Noch mear jild

De Fryske kulturele sektor rint oant septimber sa'n 3,5 miljoen euro oan ynkomsten mis en wurdt bot troffen troch de coronakrisis. De minister hat oanjûn dat der in twadde pakket oan stipe komt foar kultuer. Poepjes: "Der komt noch in grutte bups mei jild oan. We hawwe by de minister oanjûn om ek de zzp'ers en lytsere ynstellingen hjiryn mei te nimmen."
Poepjes fynt dat it tempo der wol wat mear yn kin. "It probleem is dat de minister hiel ûndúdlik is oer wannear't it jild komt en hoefolle we ferwachtsje kinne. Der wurdt in soad sein, mar dat is allegearre amtlik. We wolle no bestjoerlik witte wêr't we oan ta binne."
The Blind Boys of Alabama © Omrop Fryslân
Deputearre Sietske Poepjes
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum yn Ljouwert is wiis mei de stipe. "Het mooie is dat het onderdeel is van een co-financiering tussen het Rijk en provincies en gemeenten, om culturele instellingen te helpen door de coronatijd te komen. Maandag wordt dat verder uitgewerkt in een brief van de minister aan de Tweede Kamer en Fryslân geeft hier eigenlijk al een positief signaal vooraf, dat ze van harte bereid zijn om die co-financiering aan te gaan."

1 juny wer iepen

It Fries Museum iepenet op 1 juny wer de doarren. It museum hat dan mear as twa moanne ticht west. Minsken kinne allinnich nei binnen as se fia de webside fan it museum in kaartsje reservearre ha.
It Fries Museum yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Om wer iepen te kinnen hat it museum in protte oanpassingen dwaan moatten, wêrûnder de maatregel om frijwilligers boppe de 70 jier net mear yn te setten. Dêr binne net alle frijwilligers bliid mei, sa as Anton Germeraad. Hy fynt it leeftiidsdiskriminaasje en tinkt deroer om it te melden by it diskriminaasjemeldpunt.

Nasjonale regels folgje

Callens begrypt de teloarstelling by de frijwilligers, mar seit dat er him oan de regels hâlde moat. "Wij vinden het heel erg jammer dat we die nationale richtlijn moeten volgen", seit Callens. "Dit is niet iets wat wij individueel hebben besloten, dit is een nationale lijn en wij streven ernaar om die zo snel als mogelijk te veranderen."
Direkteur Kris Callens fan it Fries Museum