Ekstra útstjoering Prelude op Himelfeartsdei

21 maaie 2020 - 07:04

Omrop Fryslân stjoert op Himelfeartsdei in ekstra edysje fan it sneinsprogramma Prelude út. De ôfrûne wiken binne der in hiel soad oanfragen foar it programma dien. Gewoanwei hat Prelude sa'n 80 oant 100 oanfragen yn de wike. Op it stuit binne dat der tusken de 140 en 160.

Foto: Omrop Fryslân

Muzyk kin ferbining bringe, foaral yn dizze tiid. De programmamakkers tinke dat der just dêrom no in soad fersyknûmers oanfrege wurde. Om minsken in hert ûnder de riem te stekken en witte te litten dat we der foar inoar binne.

Yn Prelude wurdt geastlike muzyk, lykas koraalmuzyk fan koaren en korpsen út Fryslân draaid. Dêrby is der plak foar fersykjes út it geastlik repertoire. It programma wurdt altyd op sneintemoarn útstjoerd. Spesjaal fanwegen it grutte tal oanfragen is der sawol op Himelfeartsdei as op pinkstermoandei in ekstra útstjoering.

Wêr is it te folgjen?

Prelude is tongersdei 21 maaie tusken 8 en 9 oere te beharkjen op Omrop Fryslân radio en online werom te finen op ynternet.

(advertinsje)
(advertinsje)