Stellen ljip fan BFVW is wer werom: "Een wonder"

20 maaie 2020 - 17:16

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) hat syn symboal, in grutte ljip, wer werom. It byld waard in skoftke lyn stellen út de tún by it kantoar yn Wiuwert. In meiwurker fan it BFVW seach de ljip woansdeitemoarn wer yn de tún lizzen.

Kantoor BFVW mei rjochts de ljip - Foto: Twitter: @Fransjank

Foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW neamt it op Twitter in wûnder. "Hoe en wat blijft een raadsel deze kan echt niet vliegen. Kennelijk heeft alle aandacht geholpen", skriuwt er.

It bûn frege ferline wike op sosjale media om help en sei de persoan dy't de gouden tip joech in oranjekoeke ta. De ljip wie doe op syn minst al in wike fuort.

Trefwurden: 
stellerij BFVW ljip
(advertinsje)
(advertinsje)