Grinslanner (21) oanhâlden yn grutte cybercrimesaak; link mei miljoene-oplichting Fryske ûndernimmer

De Fryske resjerzje hat moandeitemoarn in 21-jierrige ynwenner fan Grinslân oanhâlden as fertochte fan ferskate cybermisdriuwen, wêrûnder phishing. De fertochte kaam ûnder oare nei foaren út it ûndersyk nei de oplichting fan in Fryske ûndernimmer. Dy die ôfrûne jier oanjefte om't yn ien dei in miljoen euro fan syn bankrekken stellen wie. It giet om it grutste ûndersyk nei bankoplichting ea.
© Shutterstock
It slachtoffer rekke yn ien nacht 1,1 miljoen euro kwyt. Dat jild waard yn parten oerboekt nei bankrekkens fan 140 jildezels ferspraat oer it lân. Sy wurde ek wol money mules neamd. Dat binne minsken dy't harren bankpas en rekken brûke litte troch kriminelen. Dat komt hieltyd faker foar neffens de plysje. Minsken dy't har hjirfoar brûke litte, meitsje har skuldich oan fraude, seit de plysje.
Sy hiene harren bankrekkens beskikber steld foar it fuortslûzjen fan it jild. It is kwa finansjele skea de grutste saak ea fan in saneamde 'smishing'-saak (sms-phishing), mei it grutste oantal jildezels ea yn ien saak. De fertochte kaam yn byld om't er by meardere oanjeftes nei foaren kaam.

Ferfalske websides

Ut it ûndersyk die bliken dat de fertochte de slachtoffers benadere fia bygelyks Marktplaats of in sms en harren dêrnei nei (ferfalske) websides lokte. Dêr waarden de slachtoffers ferlaat om priveegegevens achter te litten om betellings te dwaan. De slachtoffers tochten dat sy in iepensteande rekken betellen of bygelyks ta ferifikaasje 0,01 sint oer te meitsjen mei in betellink.

Kontrôle oer bankomjouwing

De fertochte naam lykwols op dizze wize de kontrôle oer fan de online bankieromjouwing fan de slachtoffers, wêrnei't hy jild fan de rekkens ôfhelle troch te pinnen of guod online te bestellen. Ek benadere hy minsken om har bankrekken beskikber te stellen foar it oerstoarten en opnimmen fan jild. Sa koe jild wytwosken wurde.
Yn it ûndersyk wurde noch regelmjittich minsken oanhâlden. Plysje-ienheden yn it hiele lân hawwe in saneamd 'smoeleboek' krigen fan de plysje en IM Noard-Nederland fan fertochten dy't filme waarden by it pinnen fan de bút. Dat smoeleboek liedt geregeld ta herkennings fan fertochten, dy't dêrnei oanhâlden wurde.

Sms-bom

Kriminelen brûke de jildezels om sels bûten skot te bliuwen. Yn dit gefal is dat dus net slagge en hat de plysje de 21-jierrige Grinslanner oanhâlden. De fertochte wie ekstreem handich mei it folle arsenaal oan digitale oplichtingsmetoaden, fan betellinkfraude oant en mei it ferstjoeren fan nepoanmoannings fia in saneamde sms-bom. Dêrmei kin ien berjocht oan hûnderten ûntfangers tagelyk ferstjoerd wurde.
De oanhâlding fan de man wie op 'e die; doe't de plysje syn wente yngie, fûnen se dêr in laptop dêr't in 'dashboard' op draaide mei allegear digitale oplichtingsmetoaden. Der wie in webside yn 'e loft dêr't minsken dy't dêr gjin aan fan hiene op dat stuit nei ta kamen. Dit domein is noch by de trochsiking offline helle, wêrtroch't mear slachtoffers foarkaam binne.

Djoer guod yn beslach naam

De fertochte hie mei syn krimineel hanneljen in fermogen garre sûnder dat hy in legaal ynkommen hie. By de oanhâlding fan de fertochte moandei yn Grinslân hawwe de plysje en it Iepenbier Ministearje beslach lein op lúkse guod, lykas djoere klean. Der waarden kleanstikken oantroffen dy't foar sa'n 1.000 euro oer de toanbank gean.
Dêrneist waarden telefoans en kompjûterapparatuer yn beslach naam foar it fierdere ûndersyk. De plysje en it IM nimme cybercrime heech op en dogge fierder ûndersyk. De resjerzje slút mear oanhâldings yn dizze saak net út. De fertochte is ynsletten en waard woansdei foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy hat besletten dat de man 14 dagen fêstsitten bliuwt.
Ingrid Koenen fan de plysje oer de oanhâlding