Dielnimmers firtuele fytsalvestêdetocht komme fan oer de hiele wrâld wei

20 maaie 2020 - 15:49

Ungefear 140 dielnimmers hawwe harren oant no ta oanmeld foar de firtuele edysje fan de fytsalvestêdetocht op pinkstermoandei. Dy dielnimmers komme út 12 ferskillende lannen.

Foto: Omrop Fryslân

Sa binne der dielnimmers út België en Dútslân, mar ek út Maly, Kanada, Yndonezië en de Feriene Arabyske Emiraten. Ien fan de ynternasjonale dielnimmers is âld-profhurdfytser Lieuwe Westra, dy't tsjintwurdich yn Spanje wennet.

It is foar it earst dat de fytsalvestêdetocht firtueel riden wurdt. Troch de coronakrisis kin de gebrûklike toertocht mei 15.000 dielnimmers net trochgean. De start is, lykas oars, op pinkstermoandei moarns om 5 oere.

Thús fytse

De 140 dielnimmers oan de firtuele tocht ride thús op in fyts dy't keppele is oan spesjale software. Dêrtroch kinne de dielnimmers elkoar dochs folgje. Sy ride yn groepen fan 25. Foarôf koene se oanjaan hoe hurd oft se fytse wolle. By de groepsyndieling is dêr rekken mei hâlden.

By de Omrop

Omrop Fryslân sil de firtuele edysje oerdeis út en troch sjen litte op telefyzje en mei de dielnimmers prate op de radio.

(advertinsje)
(advertinsje)