Hotel Galamadammen yn Koudum fallyt ferklearre

Hotel Galamadammen yn Koudum is fallyt. It hotel mei 44 keamers leit oan de farrûte fan it Johan Frisokanaal en hat ûnder oare in restaurant, kafee en binnenswimbad.
Hotel Galamadammen yn Koudum © Google Streetview
It terras fan it hotel wie yn 2014 as sechsde einige yn de top 100 fan bêste Nederlânske terrassen. Galamadammen wie dêrmei it bêste Fryske terras.
Yn 2019 is it hotel noch yngreven ferboud, om sa ek gruttere groepen ûntfange te kinnen. It is net dúdlik wat it fallisemint betsjut foar it personiel.
By it hotel hearre ek noch in fytseferhier en twa jachthavens mei goed 200 lisplakken.