Traumahelikopter oproppen foar persoan te wetter yn Kollum

Helptsjinsten binne woansdeitemiddei manmachtich útriden foar in frou dy't oan de Zevenhuisterwei yn Kollum yn it wetter bedarre wie. Neist in ambulânse waard der in traumahelikopter ynsetten.
© AS Media
Omstanners hiene de frou út it wetter helle. It slachtoffer is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Hoe't de frou yn it wetter bedarre wie en hoe't se deroan ta is, is net bekend.