'Joekel fan in koepel' as ûnderdiel fan in keunstrûte yn Ljouwert

20 maaie 2020 - 14:55

Kultureel sjoen is der no foaral in soad online te rêden, mar dêr komt feroaring yn. De teätermakkers fan BUOG hawwe wat betocht sadat minsken der wer op út kinne. Se hawwe in rûte troch Ljouwert útstippele by iepenbiere keunst del. Keunstners en artysten ha der in ferske of in gedicht oer makke.

Route2020

Ien fan de artysten dy't dat dien hat, is Emiel Stoffers fan De Hûnekop. Hy hat wat makke oer de 'Voorrangskoepel' op it gebou fan Rijkswaterstaat. It ferske hjit 'Joekel fan in koepel'.

"Hy stiet der al tsien jier en ik bin der al hiel faak lâns riden, mar hy is my noait opfallen", sa seit Emiel. Hy wist al gau wêr't syn ferske oer gean moast: dat dizze joekel fan in koepel net sjoen wurdt en in better plak ferstjinnet.

Emiel Stoffers fan De Hûnekop hat in ferske makke oer de Voorrangskoepel

Der binne yn totaal alve keunstwurken dêr't de rûte by del giet. Neist Emiel wurkje ûnder oaren Piter Wilkens, Esther de Jong, Wiebe Kaspers, Eeltsje Hettinga en Elmar Kuiper mei.

"Minsken kinne yn de auto in kaartsje keapje, en krije in headset en in picknickkoer mei lekkers", fertelt Pieter Stellingwerf fan BUOG. "Dêrnei geane se yn groepkes fan fiif auto's by de keunstwurken del, mei help fan in rûteplanner. As se stil steane by in keunstwurk, dan kinne se fia de headset ien fan de artysten en keunstners belústerje." It is wol de bedoeling dat minsken yn de auto sitten bliuwe.

Pieter Stellingwerf fan BUOG

(Advertinsje)
(Advertinsje)