Grientekweker mei 100 wurknimmers beskermet personiel net tsjin corona

20 maaie 2020 - 14:12

In grientekweker yn de gemeente Waadhoeke hat in warskôging krigen, omdat it personiel net goed beskerme waard tsjin it coronafirus. Dat meldt de ynspeksje SZW. Der wurkje sa'n 100 minsken by it bedriuw.

Dizze foto is naam by in oare kwekerij - Foto: ANP

De ynspeksje hie meardere meldingen krigen oer it bedriuw. Doe't ynspekteurs delkamen, die bliken dat de rjochtlinen fan it RIVM net folge waarden. Dat begûn al by it ynklokken: alle wurknimmers moasten moarns yn ien kear troch in smelle gong nei de grutte hal rinne. Dat hie yn lytse groepkes moatten. En meiwurkers hongen jassen en tassen op yn in lytse klaaikeamer. Der wiene gjin maatregels om foar te kommen dat dêr tefolle minsken tagelyk wienen.

Under it wurk en yn de pauzen holden in protte minsken har net oan de oardel meter ôfstân. "Ook hier worden zij niet aangesproken door de werkgever", seit de ynspeksje. Dy easket no dat de wurkjouwer maatregels nimt. "Hij heeft een zorgplicht voor zijn werknemers en moet dus zorgen dat de werknemers zich aan de richtlijnen (kunnen) houden."

Yn totaal binne der de ôfrûne wiken mear as tûzen meldingen binnenkaam oer mooglike oertredingen, seit de ynspeksje. Yn de measte gefallen komme wurkjouwers yn beweging as der telefoanysk kontakt opnaam wurdt. By de kwekerij yn de Waadhoeke wie dat net sa.

De ynspeksje hat noch gjin boetes útdield.

Trefwurden: 
kwekerij coronafirus
(advertinsje)
(advertinsje)