Ferromming ferrast guon fersoargings- en doarpshuzen: "Te koart dei"

20 maaie 2020 - 13:56

De ferromming fan de coronamaatregels komt as in ferrassing foar in tal Fryske fersoargingshuzen en doarpshuzen. Se hiene tocht dat it langer duorje soe, foardat se de doarren wer iepensette koene foar besikers. Fan 25 maaie ôf meie de soarchsintra oeral yn Nederlân wer iepen en fan 1 juny ôf kinne minsken wer yn de doarpshuzen en wyksintra telâne.

Sûnt ferline wike mochten de earste 26 ferpleechhuzen yn Nederlân, wêrûnder it Talma Hûs yn Feanwâlden, as proef al ûnder strange betingsten besite ûntfange.

Direkteur Atje Tadema fan soarchsintrum Beuckelaer yn Sint-Anne fynt it fantastysk dat alle fersoargingshuzen no wer iepen meie, mar hie de ferromming sa gau net ferwachte. "Hy kaam my einliks in bytsje te gau. We wisten dat der proefdraaid waard, mar ik hie ferwachte dat it noch in goeie wike of twa wiken duorje soe."

Neffens har giet de Beuckelaer dan ek noch net iepen op 25 maaie, want se binne noch dwaande mei belied en protokollen en dy moatte noch goedkard wurde. "Wy hoopje foar de Pinkster iepen te kinnen. Dêr stribje we nei, dus dat moat slagje. Der hinget safolle oan fêst, en der binne ek noch minsken dy't fakânsje ha. It is foar ús te koart dei."

Direkteur Atje Tadema fan soarchsintrum Beuckelaer

Neffens Doarpswurk binne de measte doarpshuzen der klear foar om besikers wolkom te hjitten. Fan 1 juny ôf meie se wer groepen fan maksimaal 30 minsken ûntfange, fansels wol de oardel meter en alle oare coronamaatregelen yn acht hâldend. Troch alle regels en betingsten is der lykwols noch in soad ûndúdlik foar de doarpshuzen.

By Doarpshûs Nij Franjum yn Marsum snappe se net in protte mear fan de regels en ha se besletten oant 1 septimber ticht te bliuwen. Foarsitter Auke Donga fan it doarpshûs hopet sa ek syn frijwilligers te beskermjen.

Donga: "Wy wurkje hjir folslein mei frijwilligers en ús bestân is frij grut mei sa'n 65 frijwilligers. Mar de gemiddelde leeftiid, sorry dat ik it sis, sit yn de risikoklasse. Wy wolle ús frijwilligers yn dizze tiid dêr net mei belêste."

Holle boppe wetter

It doarpshûs sil dit jier grif in lytsere omset draaie, mar kin de holle wol boppe wetter hâlde neffens Donga. "We ha der seker wol skea fan. De ynkomsten binne nul en de fêste lêsten rinne troch. Mar we ha ien gelok, we ha der gjin behearder yn sitten en gjin personielskosten."

Foarsitter Auke Donga fan doarpshûs Nij Franjum yn Marsum

(advertinsje)
(advertinsje)