Opknapbeurt Oostverlaat makket rivierke tusken Dokkum en Lauwersmar befarber

20 maaie 2020 - 11:58

It kompleks is ien fan de wichtichste skeakels yn it befarber meitsjen fan de Súd Ie by Dokkum. De slûs en brêge Oostverlaat, beide ryksmonuminten, moatte opknapt wurde foar't se wer brûkt wurde kinne. Wannear't dat bard is, moatte boatsjeminsken takom jier út de binnenstêd fan Dokkum wei fia de slûs oer it rivierke nei de Lauwersmar komme kinne.

"It is in stielen brêge, en de slûs is fan mitselwurk. It is dus wol in bysûnder komplekske", sa seit yngenieur René Feenstra fan yngenieursbureau Clafis. "Dizze slûs en de brêge foarmje de tagong ta de Súd Ie. As it wurk hjir aanst dien is, kinst fan Dokkum by De Skâns komme en sa by it Lauwersmargebiet. Dat kin op dit stuit net mei boatsjes."

Om de rûte mooglik te meitsjen, is der al jierren lang wurk ferset. It restaurearjen fan de âlde brêge is ien fan de lêste dingen dy't noch barre moat.

Yngenieur René Feenstra by de brêge yn Dokkum

De brêge en de slûs binne al tsientallen jierren net mear brûkt. De slûs komt út 1806, de brêge út 1910. De measte brêgen wurde tsjintwurdich klearmakke foar selsbetsjinning, mar dat is yn dit gefal net oan 'e oarder. "It giet hjir om in ryksmonumint, en mei kamera's en automatisearring dochst der ôfbraak oan. Dus komt hjir aanst in slûswachter, dy't ek de brêge docht."

It brêgedek is yn goede steat en lizzen bleaun. Fytsers en fuotgongers kinne de brêge dan ek noch gewoan brûke. De âlde boppebou, mei it kontragewicht, wurdt neisjoen. Dy moat aanst yntinsyf brûkt wurde en dan moat it wol feilich wêze.

Foto: Clafis

It opknappen fan de brêge wurdt dien troch Mannen van Staal yn Ljouwert, nei't de ûnderdielen earst straald en ferve binne. Fokke Rispens fan it metaalbewurkingsbedriuw krige de brêge tiisdei binnen.

"Der binne stikken ferrotte, dy moatte fernijd wurde", seit Rispens. "En hy is ris earder restaurearre, mar dat hie wol wat better kinnen. It is net allegear like rjocht. Hy falt my wol wat ôf. Doe't ik him yn Dokkum seach, frege ik my ôf wêrom't hy fuort moast. Mar no't hy keal foar my leit, sjoch ik de minne plakken."

Wurkje mei klinkneils

Rispens wie twa jier lyn ek ferantwurdlik foar de restauraasje fan de monumintale brêge fan Iezumasyl. Yn it orizjinele ûntwerp fan de brêge yn Dokkum binne eartiids, lykas yn Iezumasyl, in soad klinkneils brûkt. Dat makket de restauraasje in útdaging.

"Eartiids koene se noch net laskje, dus alles waard klonken", fertelt Rispens. "By de eardere restauraasje ha se wol laskferbiningen makke en bouten brûkt, mar dy helje wy der no wer út. Dêrnei sette wy der ek wer klinkneils yn."

De restauraasje troch Mannen van Staal sil sa'n twa wiken duorje. Dêrnei giet de brêge werom nei Dokkum. Takom jier moat de Súd Ie dan befarber wêze.

Fokke Rispens oer de restauraasje by Mannen van Staal

(advertinsje)
(advertinsje)