Doarpshuzen bliid dat se wer iepen meie: "We binne der klear foar"

20 maaie 2020 - 10:30

De doarpshuzen yn Fryslân binne bliid dat se fan 1 juny ôf wer iepen meie. Premier Rutte neamde tiisdeitejûn yn de parsekonferinsje oer de ferromming fan de coronamaatregels spesifyk de doarpshuzen. Dy meie krekt as de hoareka, de bioskopen en de teäters wer iepen, mei maksimaal 30 besikers en fansels wol op oardel meter ôfstân.

Doarpshûs 't Polderhuus yn Munnikebuorren - Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

Theo Andreae fan Doarpswurk is der tige bliid mei. Neffens him is it in goede saak, net allinnich foar de doarpshuzen, mar ek foar de doarpsbewenners. "Ik tink dat it foar de doarpshuzen en de wyksintra, litte we dy net ferjitte, hiel wichtich is dat se wer iepen meie. En ik tink dat in hiele protte minsken der nei snakje dat se der wer hinne kinne."

Doarpswurk hat de ôfrûne wiken drok dwaande west mei it meitsjen fan protokollen en it organisearjen fan webinars foar de doarpshuzen en wyksintra. Neffens Andreae is it iene doarpshûs fierder as it oare om wer iepen te gean. "Guon sjogge it noch net sitten, mar de measten binne der wol klear foar. Der binne der sels dy't der oan tinke om yn de simmer iepen te bliuwen."

Finansjele problemen

Der is in enkête holden ûnder alle doarpshuzen en wyksintra, mei de fokus op de finansjele konsekwinsjes fan de coronakrisis, seit Andreae. It hat bliken dien dat in oantal it finansjeel swier hat. "De buffers binne as 'sneeuw voor de zon' ferdwûn."

Doarpswurk besiket mei man en macht foar te kommen dat doarpshuzen slute moatte en soe ek yn petear wolle mei de provinsjale en gemeentlike polityk, om te sjen oft der mooglikheden binne foar in needfûns foar de swierst troffen doarpshuzen en wyksintra.

Theo Andreae fan Doarpswurk

(advertinsje)
(advertinsje)