VVV wol brune float ynsette om toeristen op eilannen te krijen

20 maaie 2020 - 08:55

De sylskippen fan de brune float soene toeristen nei de eilannen ferfiere moatte, no't de fearboaten te krijen ha mei in kapasiteitsprobleem. Dat seit Michel Aaldering. Hy is direkteur fan de VVV op Skylge.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De skippen fan Doeksen meie net mear as 30 persint fan it maksimale oantal passazjiers meinimme, om fersprieding fan it coronafirus foar te kommen. Yn juny wurdt dat 40 persint. Neffens de VVV is dat net genôch.

"Onze levensader"

De ekonomy fan de eilannen draait folslein op toerisme, seit Aaldering. Neffens him kin Skylge folle mear minsken ha, as der op de boat passe. "De boot is onze levensader."

De direkteur fan rederij Doeksen hat earder sein dat der net samar mear minsken op de boat passe. "Ik kan natuurlijk dat bovendek wel vol zetten met mensen, maar wat als het gaat regenen? Dan hebben we een acuut een probleem in de salon."

Gevarenzone

In oare suggestje wie om minsken dan mar yn harren auto sitte te litten op it autodek, mar dat is ek gjin opsje. "Het autodek is een gevarenzone. Als er brand ontstaat in de machinekamer, dan zitten die mensen niet binnen de brandisolatie. Kan ik dat als directeur verantwoorden?"

De VVV siket no alternativen, om de toeristen dochs op de eilannen te krijen. Der wurdt sjoen nei de skippen fan de brune float, dy't folslein stilleit op dit stuit. "Ook daar zit je natuurlijk met de hoeveelheid mensen aan boord," seit Aaldering.

"Het geduld raakt op"

"De gezondheid staat voorop, maar er moeten wel meer mensen komen, op het eiland. Normaal komen er 8.000 mensen op een drukke dag. Dat zijn er nu maximaal 2.000. Dat betekent dat we in lockdown blijven."

Der moat gau in oplossing komme, seit Aaldering. "Het geduld raakt op. En het geld raakt ook op."

Harkje nei Sybrand Buma en Michel Aaldering oer it probleem fan de fearboaten

(advertinsje)
(advertinsje)