Harnzer kafeebaas wiis mei ferromming maatregels

20 maaie 2020 - 07:08

Utbater Paul ter Bruggen fan it Harnzer kafee de Pijpenla is bliid mei de ferromming fan de coronamaatregels dy't it kabinet ôfkundige hat. Kafee de Pijpenla is lyts, hat gjin terras en mei fan de gemeente ek gjin terras op strjitte ha de kommende tiid. Kontakt dêroer mei de gemeente Harns smiet oant no ta neat op. Dat der dus wer tritich minsken nei binnen meie is foar him dus in útkomst.

Café de Pijpenla yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Kafee De Pijpenla sit oan de Noarderhaven en sjocht út op de oanlisplakken foar de wettersporters dy't de havenstêd oandogge. It kafee hat jierren ticht west, mar waard yn novimber 2013 weriepene. Foar de weriepening hie it kafee in terras, mar dat moast nei eigen sizzen fuort om't der romte makke waard foar parkearplakken en it te gefaarlik wêze soe sa deun neist it wetter.

De kafeehâlder is wiis mei it beslút fan premier Rutte dat der fan 1 juny ôf wer 30 minsken yn syn kafee komme meie. Dochs hie de Harnzer kroechbaas earder noch syn twivels. Hy wie benaud dat allinnich kafees mei in terras iepen mochten en dat hie syn kafee net. "Kleine café's sneeuwen onder, alleen de grote horeca-zaken krijgen veel aandacht," seit Paul ter Bruggen.

Eigener Paul Verbruggen sjocht nei de parsekonferinsje - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Al is net alles like dúdlik foar him foar wat der no wol en net mei. "We gaan proberen om open te gaan. De anderhalve meter tussen de krukken aan de bar wordt wat ingewikkeld. De krukken staan nu uit elkaar, ik ga er voor zorgen dat mensen een papiertje ondertekenen om er zeker van te zijn dat ze niet verkouden zijn," stelt de útbater.

Ek is der noch net sa wiis mei de oardelmetermienskip. "Die dertig personen, dat is een mooi getal, maar het wordt niet direct gezellig daardoor. Anderhalve meter is een eind weg. Mensen willen bij elkaar zien, met elkaar praten. Daar zie ik wel een bedreiging," seit Ter Bruggen.

(advertinsje)
(advertinsje)