Coronanijs 20 maaie: Ljouwerter terrassen fan 1 juny ôf wer iepen

20 maaie 2020 - 23:00

Yn dit liveblog melde wy al it nijs om it coronafirus hinne:

  • De taname fan de wurkleasheid wie noch noait sa grut, en it konsumintefertrouwen kelderet;
  • In Fryske grientekweker beskermet it personiel net goed tsjin it coronafirus;
  • Meardere gemeentes wolle gruttere terrassen tastean;
  • Skoalbern dy't minder as acht kilometer hoege te fytsen, meie net mei de bus;
  • En it reproduskjegetal 'wippelet' tusken 0,7 en 1, seit it RIVM yn de Twadde Keamer;

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

23:00
Ein fan dit liveblog

Wy binne oan de ein kaam fan dit liveblog fan woansdei 20 maaie. Dit wie it wichtichste coronanijs fan hjoed:

  • De VVV wol de brune float ynsette om toeristen nei de eilannen te heljen;
  • Neffens minister Schouten is it oannimlik dat it coronafirus yn Nederlân troch in nerts op in minsk oerbrocht is;
  • Skoalbern dy't minder as acht kilometer fan skoalle wenje, moatte fytsend of te gean nei skoalle, of brocht wurde troch âlden;
  • Studinten fan de Friese Poort krije harren diploma dit jier yn in drive-in;
  • Fan 1 juny 12.00 oere ôf meie de hoarekaterrassen yn Ljouwert wer iepen.

Tongersdei binne we der wer mei in nij liveblog.

21:37
Húskes by strântinten meie iepen, paviljoens bliuwe ticht

Iepenbiere húskes op it strân meie op in soad plakken by de Noardseekust del wer iepen. Dit hawwe de feilichheidsregio's en kustgemeenten besletten, seit foarsitter Jan Lonink fan Feilichheidsregio Seelân (VRZ).

It giet om húskefoarsjennings fan strânpaviljoenen dy't fia it strân berikber binne, sadat minsken net troch in strântinte hoege. De paviljoens sels bliuwe noch sletten foar publyk. Foar it skjinhâlden fan de húskes jilde de rjochtlinen fan it RIVM.

20:49
Kabinet net mear wykliks yn coronakrisisberied

No't de corona-útbraak wat yn betwang liket en in flink oantal maatregels ferromme wurdt, wol it kabinet ek syn wyklikse krisisberied oer de epidemy op in leger pitsje sette. It is de bedoeling dat it saneamde Ministeriële Commissie Crisisbeheersing (MCCb) nei folgjende wike woansdei foarearst net mear gearkomt, befêstigje ynwijden nei berjochtjouwing troch de NOS.

Sûnt it coronafirus yn maart yn Nederlân om him hinne grypte, bûgden premier Rutte en de meast belutsen ministers en tsjinsten har yn de MCCb oer de bestriding fan de epidemy. De kommisje kin krekt as in gewoane ministerried besluten nimme en krige it foartou yn de coronabestriding. Nei ôfrin stiene Rutte, coronaminister De Jonge en oare kopstikken de parse te wurd.

No't de firusútbraak út liket te dôvjen en de maatskippij stadichoan wer op gong komt, tinkt it kabinet it foarearst sûnder it krisisberied ôf te kinnen. De ministers dy't it meast mei de coronakrisis te krijen hawwe, bliuwe wol oerlizzen yn in gewoane kommisje fan de ministerried, is it plan. Mocht it dochs wer misgean mei it firus, dan kinne se de MCCb opnij by elkoar roppe.

De MCCb krijt sa de hannen frij foar in eventuele nije krisis, lykas de oanhâldende drûchte.

20:30
Fakbûn CNV wol dat fleisbedriuwen produksje tydlik ferleegje

Bedriuwen yn de fleissektor moatte wat it CNV oanbelanget harren produksje tydlik ferleegje. It fakbûn wol dat om't de situaasje no fanwege it coronafirus net feilich genôch is. It CNV reagearret dêrmei op de sluting fan in slachthûs yn Groenlo yn Gelderlân woansdei. Fan de 212 teste meiwurkers binne der 45 posityf test op corona.

De fleissektor draait foar in grut part op arbeidsmigranten en flekswurkers, dy't faak tichtby elkoar wenje en yn groepen nei it wurk gean. "We hebben meerdere keren gewaarschuwd hoe kwetsbaar de sector is. Het verbaast ons totaal niet dat er nu opnieuw een coronahaard is. De sector moet de productie tijdelijk drastisch verlagen en nu eerst volop investeren in een veilige werkvloer", seit CNV-bestjoerder Peter de Ridder.

By omsetferlies soene bedriuwen neffens it CNV in berop dwaan moatte kinne op finansjele stipe fan de oerheid, sadat wurkgelegenheid wol garandearre bliuwt.

20:14
Studinten bliid mei erkenning, mar beane stipe 'net genôch'

Studinte-organisaasjes binne bliid dat it kabinet no mei stipe foar studinten komt. Mar neffens de Landelijke Studentenvakbond (LSVb) en FNV Young & United is der mear help nedich. Se fine it ek net út te lizzen dat studinten en flekswurkers minder rjocht hawwe soene op kompensaasje as ien dy't al fêstigens opboud hat.

De kompensaasje foar ynkommensferlies fan studinten en oare flekswurkers is in fêst bedrach fan 600 euro foar trije moannen. Dêrfoar moat ien oantoane dat hy of sy yn febrewaris 500 euro of mear fertsjinne.

"Het blijft pleisters plakken. De steun komt erg laat en het blijft een rigide regeling", seit foarsitter Bas van Weegberg fan FNV Young & United. "Als je net in februari een pechmaand had, of je verdiende 499 euro, dan ben je alsnog de sjaak."

Soad falle bûten de boat

Syn kollega-foarsitter Alex Tess Rutten fan LSVb follet oan: "De gemiddelde student die wij gesproken hebben, verdiende 530 euro per maand. Dat betekent dat er nog een hoop onder de 500 euro verdienden en dus buiten de boot vallen. En op een studentenbudget is dat nog steeds een flinke smak geld om te verliezen."

Sûnt de ynfiering fan it lienstelsels yn 2015 binne studinten yn hege mjitte ôfhinklik wurden fan ekstra ynkomsten út bybanen. Om de strukturele ôfhinklikens fan de bybaan te ferminderjen fiere de LSVb en FNV Young & United sûnt foarich jier tegearre aksje foar ôfskaffing fan it lienstelsel en it opnij ynfieren fan de basisbeurs.

19:34
NS: stasjonswinkels en fytsestallings fazearre wer iepen

Ferskate stasjonswinkels binne woansdei wer fazearre iepengien. It gie om winkels fan ien keten, letter folgje der mear winkels. Dat makke NS bekend. De fytsestallings op de treinstasjons binne fan moandei ôf beskikber. Fan 1 juny ôf hantearje húskes mei meiwurkers wer har normale iepeningstiden en binne ek bagaazjeklûzen wer te brûken.

Fierder iepenje ek winkels as Kiosk, Etos, Julia's en HEMA ynkoarten wer fazearre de doarren. By ferskate saken kinne reizgers mûlkapkes keapje. Dy binne fan 1 juny ôf ferplicht yn it iepenbier ferfier.

Op stasjons soarget de NS foar spesjale helpmiddels sadat reizgers 1,5 meter ôfstân hâlde kinne. De útjefte fan de OV-fyts, dy't de ôfrûne moannen wol beskikber bleau, sil kontaktleas wêze. Yn de fytsestallings dêr't meiwurkers oanwêzich binne, wurde it seal, de kaai en de hânfetten desynfektearre.

19:06
Pont fan Earnewâld fart tongersdei wer
Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel
19:03
Fideodeiboek: "De mikrofoanstok kin it iis in bytsje brekke, by minsken dy'tst net kenst"

Hoe is it om as ferslachjouwer fan Omrop Fryslân te wurkjen yn coronatiid? Johanna Brinkman lit yn har vlog sjen hoe't sy in reportaazje makket op oardel meter ôfstân.

19:00
WHO: ôfrûne 24 oeren heechste oantal nije coronabesmettings

Yn de ôfrûne 24 oeren binne der wrâldwiid ûngefear 106.000 nije besmettings mei it coronafirus rapportearre by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO). Dat is it heechste oantal yn ien etmiel sûnt de útbraak begûn. Dat hat WHO-foarsitter Tedros Adhanom Ghebreyesus woansdei bekend makke.

Neffens him is twa tredde fan de nije besmettings fêststeld yn mar fjouwer lannen. "We hebben nog een lange weg te gaan in deze pandemie", seit hy op in parsekonferinsje. De foaristter makket him benammen soargen oer de fersprieding fan it firus yn earmere lannen.

Mike Ryan, haad fan it needprogramma fan de WHO, heakke deroan ta dat wrâldwiid ynkoarten it oantal besmettings mear as 5 miljoen is. "Een tragische mijlpaal", sa sei hy.

18:21
Cambuur yn petear mei KNVB

Gerald van den Belt hopet moandei antwurden te krijen fan de KNVB-direksje. De direkteur fan SC Cambuur sit noch mei in soad fragen. Hy is troch it fuotbalbûn útnûge, tegearre mei kollega Ard de Graaf en de direksje fan De Graafschap, om te praten oer de promoasje- en degradaasjesoap.

Nei de útspraak fan de rjochter yn it koart pleit, dat Cambuur en De Graafschap ferlearen, kaam KNVB-direkteur Eric Gudde mei in útnûging oan beide klups. Ien fan de saken dy't Van den Belt op 'e tafel smite wol, is finansjele kompensaasje. "Het is duidelijk dat wij een financieel belang hebben en dat wij vinden dat er behoorlijk schade is berokkend aan de club."

17:42
Kwart miljoen foar kultuer

De provinsje lûkt 250.000 euro út om de kulturele sektor te stypjen. De kwart miljoen is in oanfulling op it jild dat it Ryk beskikber stelt. Dochs leit de haadferantwurdlikheid foar de coronastipe fan kultuer by de lanlike oerheid, fynt deputearre Sietske Poepjes.

It giet om stipe foar de gruttere ynstellingen, lykas skouboargen en grutte musea. It Ryk stelt 30 miljoen euro beskikber foar de regio. Betingst is dat regionale oerheden jild bylizze.

17:01
Terrassen yn Ljouwert wer iepen

Fan 1 juny 12.00 oere ôf meie de hoarekaterrassen yn de gemeente Ljouwert wer iepen foar besikers. Om de besteande hoareka-ûndernimmers te stypjen, hat de gemeente besletten it ienfâldich mooglik te meitsjen om in tydlik terras te iepenjen of in besteand terras tydlik út te wreidzjen. Dêrby bliuwt it wichtich dat minsken rekken hâlde mei elkoar en de rjochtlinen fan it RIVM, meldt de gemeente.

16:24
Pas op: desynfektearjende hângel kin yn 'e brân fleane

De brânwacht fan Vlaams-Brabant-West warskôget op Facebook oer brângefaar by desynfektearjende hângels. Dêr sit nammentlik alkohol yn, wêrtroch't se ûntflamber binne. It berjocht is yntusken fan Facebook ôfhelle, om't de diskusje deroer út de hân rûn. De brânwacht riedt wol oan om foarsichtich te wêzen.

15:31
Pont fan Terherne fart wer

It Terhernster Fear is woansdeitemoarn wer begûn mei farren. De farrûte fan 12 minuten giet fan Terherne oer it Prinses Margrietkanaal nei de jachthaven Terzoolsterzijl en wer werom. It fear fart fan moarns 10.00 oere oant jûns 18.00 oere. Dêrfoar binne alle fereaske coronamaatregels naam, meldt it pleatslik belang fan Terherne.

Der meie maksimaal seis passazjiers mei dy't op mei stickers oanjûne plakken stean moatte, sadat se har oan de oardel meter ôfstân hâlde kinne. Ek by it wachtsjen, moatte passazjiers op ôfstân fan elkoar bliuwe. Der binne desynfeksjemiddels oanwêzich en beteljen is kontaktleas.

15:25
Diploma-útrikking fia drive-in

Studinten fan de Friese Poort krije harren diploma dit jier yn in drive-in. De slagge studinten kinne mei de auto it skoalplein opride, foar de útrikking. Der sil in taspraak hâlde wurde, wêrnei't de studinten nei foaren ta roppen wurde foar in felisitaasje en it yn ûntfangst nimmen fan harren papierke.

It skoalplein sil feestlik oanklaaid wurde, en der is muzyk, krekt as by in gewoane útrikking. Foar de studinten dy't net mei de auto komme kinne, of dy't gjin auto hawwe, wurdt de útrikking omdraaid: de skoalle komt mei de auto nei harren ta foar de útrikking.

13:20
Gruttere terrassen yn Súdwest-Fryslân en Ljouwert

Yn Súdwest-Fryslân meie hoareka-ûndernimmers de terrassen fan 1 juny ôf tydlik útwreidzje. Dat meldt de gemeente. Op terrassen jildt gjin limyt foar it oantal besikers, as se har mar oan de oardel meterregel hâlde. De gemeente Ljouwert komt mei in soartgelikense maatregel.

Op it Waachplein is ek wol romte foar in grutter terras - Foto: Omrop Fryslân

Undernimmers hoege yn Súdwest-Frgjin ekstra fergunning oan te freegjen, seit de gemeente. Dat skeelt tiid, en foarkomt ekstra kosten. De útwreiding moat wol oan in oantal betingsten foldwaan. Sa moatte de helptsjinsten der altyd goed del kinne. Dêrom moat de útwreiding wol by de gemeente oanfrege wurde. It giet om in tydlike maatregel, oant uterlik ien oktober.

Oer it útwreidzjen fan de terrassen yn Ljouwert wurdt letter hjoed mear bekend.

12:37
RIVM ferwachtet 'veenbranden' oant 2022: "We nemen een risico, maar hebben er vertrouwen in"

RIVM-directeur Jaap Van Dissel seit dat it noch ûndúdlik is wat it effekt is fan it ferromjen fan de coronamaatregels. "We nemen per 1 juni een risico", is syn konklúzje. Der wurdt noch wurke oan it folchsysteem, en oan ûndersiken, dy't nei alle gedachten net klear binne op dy datum. "Maar alles bij elkaar opgeteld, hebben we er vertrouwen in."

Foto: ANP

Van Dissel fan it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu prate de Twadde Keamer by oer de lêste stân fan saken. Hy sei dat de druk fan it firus dúdlik ôfnimt, en dat hast alle lannen op dit stuit deselde ferrommingen fan de maatregels trochfiere.

Van Dissel ferwachtet dat der yn alle gefallen noch oant 2022, lytsere of gruttere 'veenbranden' komme sille, dêr't it oantal besmettingen wer by oprint.

12:25
Ynspeksje: Grientekweker mei 100 wurknimmers beskermet personiel net goed tsjin coronafirus

In grientekweker yn de gemeente Waadhoeke hat in warskôging krigen, omdat it personiel net goed beskerme waard tsjin it coronafirus. Dat meldt de ynspeksje SZW. Der wurkje sa'n 100 minsken by it bedriuw.

Dizze foto is naam by in oare kwekerij - Foto: ANP

De ynspeksje hie meardere meldingen krigen oer it bedriuw. Doe't ynspekteurs delkamen, die bliken dat de rjochtlinen fan it RIVM net folge waarden. Dat begûn al by it ynklokken: alle wurknimmers moasten moarns yn ien kear troch in smelle gong nei de grutte hal rinne. Dat hie yn lytse groepkes moatten. En meiwurkers hongen jassen en tassen op yn in lytse klaaikeamer. Der wiene gjin maatregels om foar te kommen dat dêr tefolle minsken tagelyk wienen.

Under it wurk en yn de pauzen holden in protte minsken har net oan de oardel meter ôfstân. "Ook hier worden zij niet aangesproken door de werkgever", seit de ynspeksje. Dy easket no dat de wurkjouwer maatregels nimt. "Hij heeft een zorgplicht voor zijn werknemers en moet dus zorgen dat de werknemers zich aan de richtlijnen (kunnen) houden."

Yn totaal binne der de ôfrûne wike mear as tûzen meldingen binnenkaam oer mooglike oertredingen, seit de ynspeksje. Yn de measte gefallen komme wurkjouwers yn beweging as der telefoanysk kontakt opnaam wurdt. By de kwekerij yn de Waadhoeke wie dat net sa.

De ynspeksje hat noch gjin boetes útdield.

11:30
"Skoalbern dy't minder as acht kilometer hoege te fytsen, meie net mei de bus"

Skoalbern dy't binnen in straal fan acht kilometer fan de middelbere skoalle wenje, moatte fytsend of te gean nei skoalle, of brocht wurde troch de âlders. It is 'in principe' net de bedoeling dat se mei de bus of de trein geane. Dêr hat it ûnderwiis ôfspraken oer makke mei ferfiersbedriuwen en de oerheid.

Fytspaad by De Tynje - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Learlingen dy't fierder as acht kilometer fan de skoalle wenje, wurde ek oproppen om 'safolle mooglik' te fytsen, of mei de auto te kommen. Foar de bern dy't echt oanwiisd binne op it iepenbier ferfier, wurdt it ferfier noch 'nader uitgewerkt'. Skoallen moatte ynfentarisearje om hokker learlingen oft it giet, en op hokker dagen oft dy nei skoalle gean. Dat blykt út in hânrikking dy't de VO-raad publisearre hat.

Yn de hânrikking stiet ek dat skoalbestjoerders sjen moatte oft it mooglik is om bern in fyts te jaan, as se der net ien ha.

11:10
RIVM: Reproduskjegetal 'wippelet' tusken 0,7 en 1

Neffens RIVM-baas Jaap van Dissel is it lestich om te bepalen hoe fluch oft it firus om him hinne grypt. "Het reproductiegetal wiebelt tussen de 0,7 en de 1" seit er, yn de Twadde Keamer. Dit betsjut dat der hieltyd minder besmettingen binne.

Foto: ANP

Neffens van Dissel wurdt it reproduksjegetal bepaald oan de hân fan it oantal sikehûsopnames. De measte minsken dy't no yn it sikehûs komme, binne twa wiken lyn besmet rekke. Dêrom binne de gegevens net sekuer.

Mei de ferromming fan de coronamaatregels nimt it risiko op nije besmettingen ek ta. Mei yntinsyf 'bron- en contactonderzoek' moat in eventuele útbraak yndamme wurde.

It kabinet wurket oan in wetswiziging, sadat it RIVM oan de hân fan telefoangegevens sjen kin wannear't it drok is, en wêr.

10:04
Teäter yn Frjentsjer siket stuollen en tafels

It teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer freget it publyk om tafels en stuollen. Dêrmei wol it teäter de filmseal omtsjoene nei in seal mei in smûkere sfear, no't der aanst maksimaal 30 minsken yn meie. "We wolle der in feestje fan meitsje", seit teäterdirekteur Titia Huisman.

Foto: Omrop Fryslân, Janko Krist

Ein april wie ferslachjouwer Janko Krist by Titia Huisman yn it teäter

It is net de bedoeling dat minsken massaal stuollen en tafels nei Frjentsjer bringe. Dat is 'organisatoarysk sjoen net handich', seit it teäter. Wa't in stoel of tafel ter beskikking stelle wol, kin dat dwaan fia facebook.

Earder sei Huisman al dat it dreech wurde soe om mei it beheinde besikersoantal út de kosten te kommen. "Ik haw gjin idee hoe't wy op dizze wize in rendabele foarstelling organisearje moatte. Wy sille hurd neitinke moatte oer wat de opsjes binne."

9:30
RIVM praat Twadde Keamer by oer coronakrisis

Op dit stuit wurdt de Twadde Keamer bypraat troch saakkundigen fan it RIVM, fan de Nederlânske Soarchautoriteit, en fan de GGD. It giet ûnder oare oer de eksitstrategy en groepsymmuniteit.

De briefing is hjirûnder rjochstreeks te folgjen.

8:32
"Brune float moat toeristen nei Waadeilannen bringe"

De VVV fan Skylge foarsjocht grutte problemen foar it toerisme as de kapasiteit fan de fearboaten fan Rederij Doeksen yn 'e simmer net ferhege wurdt. It boatferfier nei de Waadeilannen wurdt fan 1 juny ôf útwreide nei 40 prosint, mar dat is neffens lokale ûndernimmers te min om genôch toeristen te lûken. De VVV wol dêrom de brune float ynsette om toeristen nei de eilannen te heljen.

Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De direkteur fan rederij Doeksen hat earder sein dat der net samar mear minsken op de boat passe. "Ik kan natuurlijk dat bovendek wel vol zetten met mensen, maar wat als het gaat regenen? Dan hebben we een acuut een probleem in de salon."

7:09
Harnzer kafeebaas: "Het wordt niet direct gezellig"

In lytse kafeebaas yn Harns is bliid mei de ferromming fan de coronamaatregels, mar de oarde-meterekonomy stiet him net bot oan. "Dertig personen, dat is een mooi getal, maar het wordt niet direct gezellig daardoor. Anderhalve meter is een eind weg. Mensen willen bij elkaar zien, met elkaar praten. Daar zie ik wel een bedreiging."

Eigener Paul Verbruggen sjocht nei de parsekonferinsje - Foto: Omrop Fryslân, Willem de Vries

Kafee De Pijpenla sit oan de Noarderhaven en sjocht út op oanlisplakken foar wettersporters. It kafee hat gjin terras en mei fan de gemeente ek gjin terras op strjitte ha de kommende tiid. Kontakt dêroer mei de gemeente Harns smite oant no ta neat op. Dat der dus wer tritich minsken nei binnen meie is foar de baas in útkomst.

6:38
Histoaryske sifers CBS: Taname wurkleasheid noch noait sa grut, konsumintefertrouwen kelderet

Sûnt it begjin fan de mjittingen, yn 2003, is it noch noait foarkaam dat de wurkleasheidssifers yn ien moanne tiid sa hurd omheech gien binne. Dat meldt it CBS. It oanfal minsken mei in betelle baan daalde yn april mei 160.000, nei 8,9 miljoen.

Foto: ANP

De delgong is by jongerein it grutste. Dêr giet it om 100.000 banen. It totale oantal wurkleazen wie yn april 314.000. Dat is in taname fan 41.000.

It CBS meldt ek dat it konsumintefertrouwen yn april 'een historische deuk' oprûn hat. Yn maaie is it noch fierder ôfnaam. It stiet no op -31. Dêrmei leit it fier ûnder it gemiddelde fan de ôfrûne 20 jier (-5). Yn 2000 stiet it op de heechste stân ea (36). It djiptepunt wie yn maart 2013 (-41).

6:35
Minister: Oannimlik dat coronafirus yn Nederlân troch bist op minsk oerbrocht is

It liket derop dat in Nederlanner mei it coronafirus besmet is troch kontakt mei in bist. Dat soe foar it earst wêze, seit lânbouminister Carola Schouten. It giet om in meiwurker fan in nertsebedriuw, dy't ynfektearre is troch in nerts mei corona.

Nertsen - Foto: ANP

De besmettling blykt út ûndersyk. Dêr blykt ek út dat nertsen it firus ha kinne sûnder sykteferskynselen. Neffens it RIVM is it risiko dat minsken bûten de stâl bleatsteld wurde oan it firus 'verwaarloosbaar'.

Earder wie al bekend dat húsbisten it coronafirus ha kinne. In hûn fan in coronapasjint hie antistoffen oanmakke, en dat soe betsjutte dat it bist besmet wie. By trije katten binne ek antistoffen fûn. Dy libben op in nertsehâldery dêr't corona konstatearre wie.

It risiko dat minsken besmet reitsje kinne troch in húsbist, bliuwt lyts, neffens it ministearje. It RIVM advisearret noch hieltyd op húsbisten binnendoar te hâlden, as minsken yn it húshâlden coronaklachten ha.

6:01
Fryslân fan 'e Moarn

We begjinne alle dagen mei ús radioprogramma Fryslân fan 'e Moarn. De presintaasje is yn hannen fan Hans Koster en de kollum komt fan skriuwer Willem Schoorstra. Dit binne de wichtichste ûnderwerpen fan de útstjoering, dy't oant 9.00 oere duorret:

  • Sybrand Buma bliid mei ferrommingen, mar hy warskôget ek;
  • Mingde reaksjes by hoareka-ûndernimmers;
  • Bedriuwen noch yn ûnwissichheid oer ferommingen;
  • Basiskoalle bliid dat alle bern wer komme meie.
Hans Koster - Foto: Omrop Fryslân
6:00
Wolkom yn dit liveblog

Goeiemoarn! It is woansdei 20 maaie. Wolkom by dit liveblog oer it coronafirus. Dit wie it wichtichste nijs fan tiisdei:

  • De ferromming fan de coronamaatregels kin de kommende tiid trochgean;
  • Basisskoallen sille op 8 juny wer hielendal iepen, middelbere skoallen begjinne wer op 2 juny;
  • De hoareka mei fan 1 juny ôf de doarren wer beheind iepenje;
  • Bioskopen, teäters en muzykskoallen meie wer iepen. Wol jildt dat der maksimaal tritich minsken binnendoars wêze meie;
  • Ek musea meie de doarren wer iepenje, it maksimum tal besikers is dêr ôfhinklik fan de omfang fan it gebou.

It liveblog fan tiisdei nochris neilêze? Dat kin hjir.

Trefwurden: 
liveblog coronafirus COVID-19
(advertinsje)
(advertinsje)