Ferwoastjende dassen binne werom op it fuotbalfjild fan Elslo

It is in drama yn Elslo, en net foar it earst. It haadfjild fan fuotbalferiening VV Trinitas wurdt folslein fernield troch dassen. Yn Makkingea en Haulerwyk hawwe se der ek lêst fan. Yn oare jierren spile it probleem al, mar no is it noch folle slimmer.
Oerlêst dassen
Ferline jier wie ferslachjouwer Jeroen Boersma ek al nei Elslo ôfreizge. Hy hie hope dat it haadfjild fan de fuotbalferiening der no better by lei, mar dat blykt net sa te wêzen. Der sitte wer allegear grutte gatten yn de gersmatte.
En dat wylst de klup it probleem ferline jier goed ûnder kontrôle hie. Troch skriktried te pleatsen, slagge it om de dassen fuort te hâlden fan it wjirmrike gersfjild. Mar no krûpe de bisten gewoan troch de triedden hinne.

"Nu zijn ze er weer"

"Ze zijn teruggekomen", fertelt Lammert Gorter fan de fuotbalklup. "Vorig jaar in de nazomer waren de dassen mooi weg, maar nu zijn ze er weer. Er is weer niet op het veld te voetballen. Op sommige plekken zijn de gaten tussen de tien en vijftien centimeter diep."
Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn Elslo
De oarsaak leit nei alle gedachten by it drûge fjild, seit Gorter. "Omdat de grond zo droog is, is de stroomschok te zwak. Ze krijgen niet genoeg stroomprikkels, denken wij."

Oplossing?

Wat der no barre moat om de bisten fan it haadfjild te hâlden? "Misschien wel een derde stroomdraad. De gemeente probeert ook met een oplossing te komen. Ze gaan misschien met een meststof strooien, een pepmiddel. Dat zou de dassen van het veld weg moeten houden. Maar of dat helpt, is niet duidelijk."
Wedstriden wurde der foarearst dochs noch net spile op it fuotbalfjild. De trainingen binne wol wer los, mar de fuotballers hawwe foar de kommende tiid in oar fjild pakt om op te fuotbaljen.