SC Hearrenfean biedt seizoenkaarthâlders mooglikheid foar kompensaasje

19 maaie 2020 - 22:01

SC Hearrenfean sil har seizoenkaarthâlders takom seizoen finansjeel temjitte komme as der wedstriden sûnder publyk spile wurde moatte. Dat meldt de klup op har webside. Nei't it kabinet tiisdeitejûn guon maatregels ferromme hat sette de fuotbalklup útein mei har seizoenskaartkampanje. De Feansters neame de hjoeddeistige perioade sûnder betelle fuotbal 'bizarre tijden'.

Foto: www.orange-pictues.nl

De klup biedt har fêste seizoenkaarthâlders twa opsjes foar it ferlingjen fan har seizoensplak. In gouden en in sulveren fariant. By in sulveren ferlingmooglikheid kinne supporters in finansjele kompensaasje oant 50% fan de wearde har seizoenkaart krije as der wedstriden sûnder publyk spile wurde. "Bij sc Heerenveen kunnen we ons goed voorstellen dat niet alle supporters onvoorwaardelijk hun seizoenkaart(en) kunnen of willen verlengen. De club kreeg dan ook ontzettend veel mailtjes, telefoontjes en berichtjes met de vraag of er meer verlengopties kunnen worden gecreëerd," sa skriuwt de klup.

By in gouden fariant fan de seizoenkaart wurde supporters beleanne foar har stipe sûnder finansjele kompensaasje. Seizoenkaarthâlders krije dan koarting op in wedstriidshirt en in nammebuordsje by har stoel yn it stadion. Foardat de seizoenkaartkampanje úteinsette wienen der al 1.300 supporters dy't al om ferlinging fan harren kaart frege hienen.

(advertinsje)
(advertinsje)