Mingde reaksjes by hoareka-ûndernimmers: "Der moat mear maatwurk komme"

Der moat mear maatwurk komme foar de hoareka. Dat seit hoareka-ûndernimmer Theo op de Hoek fan Strandhotel Vigilante yn Makkum yn reaksje op de ferrommingen fan it kabinet foar de hoareka. Restaurant-eigener Joris Hagting fan Aan de Gracht yn Snits is lykwols wol hiel posityf oer de ferrommingen. "Er is sprake van enorme opluchting bij mij", sa seit hy.
reaksje fan de hoareka
Fan 1 juny ôf meie de terrassen wer iepen en meie de ûndernimmers tritich persoanen binnen hawwe. Dat is neffens Op de Hoek net genôch. "As ûndernimmer binne bliid dat we wer wat dwaan kinne, mar tritich man kinne we ekonomysk neat mei. Wy besykje wol iepen te gean en dan hoopje we tegearre mei de polityk, de mienskip en de ûndernimmers it noch better te krijen. By ús kinne gewoanwei wol 400 man ite", seit Op de Hoek.
Neffens Op de Hoek kinne by him binnen ek wol 100 man ite op oardel meter ôfstân. "Ik fyn dat der absolút maatwurk komme moat. Se ha no keazen foar maatregels sadat we los kinne, mar dat moat ynkoarten nei maatwurk", sa seit hy. "Oars komt it net goed."

'Alle remmen los'

Hagting is in stik positiver oer de ferrommingen. "In feite is het alle remmen los en kunnen we gaan", sa seit Hagting. Hy is al in skoft dwaande om alles klear te krijen foar de weriepening. "We hebben natuurlijk onze afhaalmogelijkheden, waarbij we al een beetje aan het proefdraaien zijn op basis van de anderhalvemeter-economie. Dat gaat goed. We zijn direct gaan nadenken over inrichtingseisen en dergelijke. Er zitten nog steeds wel onduidelijkheden in, omdat het nog niet helemaal duidelijk is wat de protocollen gaan inhouden", sa seit hy.
Hagting hie wol leaver sjoen dat de hoareka al op de freed foar Pinkster iepen meie soe. "Niet eens omdat we heel snel onze centjes willen verdienen, maar met name omdat er continu gesproken word over de druk in de publieke ruimte. Ik denk dat je nu in de periode van 12 uur tot 22 uur op 1 juni zoveel beweging gaat krijgen, die je eigenlijk neer had kunnen zetten vanaf vrijdag om 12 uur", sa seit hy.