Soad bedriuwen noch yn ûnwissens oer ferrommingen coronamaatregels

19 maaie 2020 - 20:43

Hoewol't de oankundiging fan nije ferrommingen fan de coronamaatregels guon ûndernimmers wol wat dúdlikens jout, bliuwe in soad oare bedriuwen yn ûnwissens. "Der binne noch in hiel protte ûndernimmers dy't net witte hoe't it komt", seit Piet Fortuin fan fakbûn CNV.

"It is hiel ôfhinklik fan de sektor. De hoareka mei hie langsum wer wat begjinne mar it is net genôch om de boel wer hielendal oan de praat te krijen. Sektoaren dy't wy ek hjir yn Fryslân sjogge, de yndustry, ferfier, dat prottelet noch wol, mar dy binne hiel bang dat de grutte klap nei de simmer komt", sa seit Fortuin.

Unwissens

Foar guon sektoaren is der noch in soad ûnwis. "Der is bêst in protte eangst ûnder de ûndernimmers, dy sizze: kin ik wol wer begjinne? In protte bedriuwen sizze: der is no wol in stikje dúdlikens kommen, mar der binne ek noch in hiel protte dy't net witte hoe't it komt."

Sawol de ûndernimmers sels as de wurknimmers wurde dêr ûnrêstich fan, seit hy. "Wy sjogge dat in hiel protte wurknimmers ûngerêst binne, in protte wurde ek benadere troch wurkjouwers dy't sizze, jim moatte salaris ynleverje, of fakânsjejild, of wy moatte reorganisaasje. Op momint dat in wurkjouwer ûnrêstich wurdt, giet dat oer op de wurknimmers."

Grutte bedriuwen krije letter problemen

Neffens Fortuin binne it op it stuit foaral de lytse bedriuwen dy't it dreech ha. "Lytsere bedriuwen ha akute problemen, nei de simmerfakânsje komme de grutte bedriuwen oan de oarder, da ha wy it oer metaal, de bou, en oare sektoaren. Sjochst ek fraachútfal, minsken jouwe op momint gjin jild út, se keapje gjin nije auto."

'Ontslagboete'

It kabinet wol mooglik de saneamde 'ontslagboete' skrasse. De fakbûnen binnen dêr poer op tsjin, seit Fortuin. "Wy ha in fûneminteel ferskil fan ynsjoch oer it skrassen fan de ûntslachboete. Ast de wurknimmer ûnder de regeling dien joust, moatte je in boete fan 50% betelje. It kabinet hat sein: wy wolle fan dy boete ôf, wy ha sein: hâld dy regeling yn stân want dat hâldt minsken oan it wurk."

(advertinsje)
(advertinsje)