Sybrand Buma: "Dit gaat alleen goed als we blijven beseffen dat er een virus is"

19 maaie 2020 - 19:48

Ek de kommende tiid moatte we yn Fryslân hiel goed de coronamaatregels opfolgje bliuwen. Dat seit foarsitter Sybrand Buma fan de Veiligheidsregio Fryslân yn reaksje op de oankundiging fan it kabinet om de coronamaatregels fierder te ferrommen. "Je kan het niet vaak genoeg zeggen. Juist in deze fase dat het fijn is dat we weer meer kunnen", seit Buma.

Foto: Omrop Fryslân

Buma warskôget dat nettsjinsteande it feit dat der no mear saken iepen gean, we noch hieltyd te meitsjen ha mei it firus. "Pas tot er een vaccin is, waart dat virus rond. Alles wat we kunnen verruimen danken we aan hoe we ons gedragen. Er kan alleen meer open als we ons aan de regels houden. Er mag meer, maar we moeten ons aan de regels houden", sa seit Buma.

De boargemaster fan Ljouwert is wiis mei hoe't it oant no ta giet yn Fryslân. "Friezen, jullie deden dat ontzettend goed. Laten we dat ook blijven doen, dan gaan we op het mooie pad van meer dingen doen. Ouderen bezoeken, steeds meer op pad gaan."

Hoareka

De hoareka sil op 1 juny wer iepen. De terrassen meie iepen en de saken meie tritich minsken yn 'e saak hawwe. In protte ûndernimmers hiene lykwols graach sjoen dat de ferrommingen al foar it pinksterwykein jilde soenen.

"Het punt van het pinksterweekend is dat de angst is dat er heel snel en heel veel mensen naar de terrassen gaan. Dan moeten we na dat weekend al zeggen: dit is niet beheersbaar. We willen het vanaf 1 juni meteen goed doen, zodat we door kunnen en we vanaf 1 juli verder kunnen versoepelen. Daar is heel bewust voor gekozen", sa seit Buma.

"Ik begrijp heel goed de pijn van de ondernemers, tegelijkertijd zie ik dat de gemeentes alles doen om extra terrassen te maken als daar ruimte voor is", seit Buma. Yn Ljouwert sille se lykwols besykje om de ûndernimmers mear romte te jaan foar harren terrassen.

Hoe't it úteinlik presys rinne sil op 1 juny wit Buma net. "Ik hoop dat het goed gaat, maar ik weet het niet zeker. Mijd de drukte als dat kan. Als we dat doen, kunnen we verantwoord open. De ondernemers hebben het nodig en wij hebben de terrasjes nodig", sa seit Buma.

(advertinsje)
(advertinsje)