Kabinet ferfolget fierdere ferromming fan coronamaatregels

19 maaie 2020 - 19:22

De ferromming fan de coronamaatregels kin de kommende tiid trochgean. Dat hawwe premier Rutte en minister De Jonge tiisdeitejûn bekend makke op de parsekonferinsje oer it coronafirus. Dat betsjut dat de rûtekaart fan it kabinet út de 'yntelliginte lockdown' ferfolge wurde kin.

Foto: ANP

"Het is verantwoord om de stappen te zetten die we in de routekaart hebben afgekondigd", neffens de premier. "De ruimte die er nu is, hebben we met elkaar verdiend. Maar, versoepeling maakt het nog belangrijker om ons aan de regels te houden."

Neffens de premier is de delgong fan it tal coronapasjinten op de intensive care en it legere tal besmettingen de wichtichste reden foar in fierdere ferromming. De ekonomyske gefolgen binne neffens de minister-presidint ek te grut, as der de kommende tiid gjin ferromming komt.

Restaurants, terrassen en bioskopen wer iepen

De fierdere ferromming betsjut dat kafees, restaurants en bioskopen fan 1 juny ôf wer iepen kinne. Minsken meie wer op it terras plaknimme, mar wol oan taffeltsjes en op oardel meter ôfstân. Yn kafees en restaurants jildt dat der binnen maksimaal tritich minsken wêze meie.

Ek middelbere skoallen kinne op 2 juny wer iepen. Skoallen fan basisûnderwiis en opfanglokaasjes meie nei 8 juny wer hielendal iepen.

Mear besite ferpleechhuzen

Fan 25 maaie ôf meie ferpleechhuzen wer besite ûntfange. Elkenien dy't der klear foar is en taret is mei de doarren wer beheind iepen sette foar besite. Allinne as der gjin besmetting yn it ferpleechhûs is, mei elke bewenner ien besiker ûntfange. Uterlik op 15 juny moatte alle ynstellingen wer in 'foarm' fan besite ûntfange kinne.

De planning fan it kabinet foar de kommende tiid:

25 maaie

  • Ferpleechhuzen meie wer op gruttere skaal besite ûntfange. Binnen in pear wiken wurdt in regeling foar besikers troch it hiele lân oppakt.

1 juny

  • Bûtendoars meie minsken wer yn gruttere groepen by elkoar komme, mar wol mei oardel meter ôfstân. Yn gebouwen meie maksimaal tritich minsken by elkoar komme, ek mei oardel meter ôfstân.
  • Restaurants en kafees meie wer iepen, mei in maksimum fan tritich gasten, eksklusyf personiel. Minsken moatte reservearje, en elkenien hâldt oardel meter ôfstân, útsein minsken út deselde húshâlding.
  • Op terrassen jildt gjin maksimum tal persoanen. Wol moat elkenien oan in taffeltsje sitte en oardel meter ôfstân hâlde.
  • Skoallen yn it middelber ûnderwiis meie wer iepen. Skoallen nimme wol maatregels om oardel meter ôfstân hâlde te kinnen.
  • Bioskopen, musea en teäters meie wer iepen, lykas muzykskoallen. Wol jildt dat der maksimaal tritich minsken binnendoars wêze meie, en dat der oardel meter ôfstân hâlden wurde moat. Foar musea jildt dat net perfoast; it maksimum tal besikers is dêr ôfhinklik fan de omfang fan it gebou.
  • It iepenbier ferfier rydt wer neffens de tsjinstregeling, mar wol allinne foar needsaaklike reizen. Reizgers dy't âlder binne as 13 jier moatte ferplichte in mûlkapke op hawwe. Dit jildt net foar bûten de treinen en bussen, dêr moat oardel meter ôfstân hâlden wurde. Op it net ophawwen fan in kapke komt in boete fan 95 euro te stean.

8 juny

  • It basisûnderwiis sil wer hielendal iepen. Ek opfanglokaasjes sille wer iepen. Needopfang foar bern fan wurkjende âlden is allinne beskikber foar minsken dy't yn de soarch wurkje.

15 juny

  • Yn it middelber beropsûnderwiis en it heger ûnderwiis wurdt wer stadichoan begûn mei toetsen, tentamens, praktyklessen en begelieding fan kwetsbere studinten op de ynstelling.
(advertinsje)
(advertinsje)