Skoalbestjoerder fernuvere troch útlekte kabinetsbeslút: "It wurdt in hiele hocus pocus"

19 maaie 2020 - 18:07

De basisskoallen meie fan 8 juny ôf wer hielendal iepen. Dat is ien fan de maatregels fan it kabinet dy't al útlekt is. Skoalbestjoerder Albert Helder fan Proloog is fernuvere troch it beslút. "We binne no pas fan 11 maaie dwaande. Se wolle it no earst goed monitoare, mar it is mar in koart skoftke tiid. Ik hie eins hope en ferwachte dat we dit dus earst trochsette soenen", sa seit Helder.

Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Op dit stuit gean de bern om de dei nei skoalle, sadat de juffen en masters net mei folle klassen sitte. "It wurdt in hiele hocus pocus, as we 25 bern mei in learkrêft derby ha. Praktysk sjoen ha ik der noch wol wat fragen oer", seit Helder.

"Ik bin benijd nei de spulregels", seit Helder. "We kinne goed ymprovisearje, mar it hat syn grinzen wol. Ik fyn dat dit de dúdlikheid en rust net te'n goede komt", sa seit hy.

Albert Helder fan Proloog oer de útlekte ferromming

(advertinsje)
(advertinsje)