Bou sinnepark Easterwâlde kin wer fierder

19 maaie 2020 - 17:21

De oanlis fan it grutte sinnepark by Easterwâlde kin wer fierder gean. Dat meldt inisjatyfnimmer GroenLeven op syn webside. De bou lei stil, omdat de Fryske Miljeufederaasje dêr beswier tsjin makke hie.

It sinnepark by Easterwâlde - Foto: Omrop Fryslân

Neffens de miljeu-organisaasje hie de gemeente Eaststellingwerf te min rekken hâlden mei it karakteristike gebiet dêr't it sinnepark komt. It leit yn in kultuer-histoarysk beekdallânskip, dat dêr no skea fan hat, seit de miljeufederaasje. Dy fynt dat der te min sjoen is nei oare lokaasjes.

Ynpasse yn omjouwing

De rjochter stelde GroenLeven yn it gelyk. It sinne-enerzjybedriuw sil it park ynpasse yn de omjouwing. Der komme houtsingels en wetterpartijen mei natuerfreonlike wâlkanten. Tusken de sinnepanielen komme fjilden dy't ynsiedde wurde mei ynheemske blommen.

(advertinsje)
(advertinsje)