Omrop TIP: Ekstra Fryslân Hjoed mei reaksje Buma op parsekonferinsje

19 maaie 2020 - 17:00

Omrop Fryslân hat tiisdeitejûn om 19.00 oere in ekstra edysje fan Fryslân Hjoed. Earst wurdt de parsekonferinsje fan premier Rutte en minister De Jonge live útstjoerd. Dêryn sil dúdlik wurde hokker maatregels it kabinet nimme sil oangeande de oanpak fan it coronafirus. Oanslutend praat presintator Arjen de Boer mei foarsitter Sybrand Buma fan Veiligheidsregio Fryslân oer wat de besluten betsjutte foar Fryslân.

Foto: Shutterstock

Yn de parsekonferinsje meitsje premier Rutte en minister De Jonge bekend hoe't de fierdere ferrommingen fan 1 juny ôf der út komme te sjen. De twa ministers komme ûnder mear mei ynformaasje oer it iepenbier ferfier, de weriepening fan de middelbere skoallen, musea, en de hoareka en terrassen.

Reaksjes belutsenen

Neist Buma komme ek oare belutsenen oan it wurd yn dizze ekstra útstjoering. Ferslachjouwer Hayo Bootsma is yn Makkum by rekreaasjepark Holle Poarte. Ek hoareka-ûndernimmer Joris Hagting fan restaurant Aan de Gracht yn Snits sil yngean op de oankundige ferrommingen fan it kabinet.

Ferslachjouwer Gerrit de Boer peilt yn Drachten de stimming by CNV-foarsitter Piet Fortuin. Hoe hat hy sjoen nei de parsekonferinsje fan it kabinet?

Ek yn it ûnderwiis wurde der ferskate ferrommingen ferwachte. Dosint Gatse Hylkema fan CSG Ulbe van Houten út Sint-Anne sil syn ljocht skine op de ferrommingen.

Ek te folgjen op ynternet en radio

De ekstra útstjoering fan Fryslân Hjoed is om 19.00 oere ek te folgjen op ynternet en op 'e radio.

(advertinsje)
(advertinsje)