Mûne De Rat yn Drylts ûndergiet grutte opknapbeurt

By it wetter fan de Geeuw yn Drylts stiet mûne De Rat. Nettsjinsteande dat de mûne noch yn bedriuw is, stiet dy tiisdeitemoarn stil. Dat komt net allinnich om't der gjin wyn stiet, mar de mûne wurdt renovearre. Sa binne de roeden kontrolearre, it houtwurk fan de stelling ferfongen en is it 'pothok' opknapt. Ek de skuorre njonken de mûne dêr't it hout fan de houtseachmûne leit, wurdt opknapt. De daklatten binne ferfongen en de dakpannen der wer nij oplein.
De Rat
It nije hout foar de mûne is diels sels seage. "Al it hout dat brûkt wurdt, wêr mooglik, produsearje wy sels", fertelt mûnder Symen Jellema. De mûne is ien fan de lêste seachmûnen dy't noch yn bedriuw is. Mar tiisdeitemoarn bliuwt de mûne stil. "It moaiste, mar ja Piet sei it al "gjin wyn", dan hiene we even seagje moatten. Dat dogge wy altyd."

"Pothok"

Neist it dak is ek it 'pothok' restaurearre. "Dat sit hielendal boppeyn, dêr't de as nei binnen giet en dêr't de wiken oan fêst sitte", fertelt Jellema. "Dêr hast kâns op ynwetterjen. No, dat 'pothok' sit dêr omhinne timmere en dêr sit in kraach yn dy't foarkomt dat it ynwetteret." It' pothok' wie fersliten en moast dêrom fernijd wurde.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
Der is in ûnderhâldsplan foar de kommende fyftjin jier fêstlein foar de mûne út 1711. Dat ûnderhâld kin plak fine troch bygelyks ynkomsten fan eardere besikers, de houtseagerij, mar ek troch de gemeente. "Jannewietske de Vries seit ek wol dat de mûne de pearel fan Súdwest-Fryslân is", fertelt Jellema.
Dat de mûne noch hieltyd yn bedriuw is, sjogge je ek as wy mei in trep nei boppen geane. Dêr sjogge je in grutte houtseach, mei in beamstam fan fyftjin meter deryn. It is in beamstam dy't al twa jier yn it wetter lein hat. Dêrnei kin der pas yn de houtseagerij. "Hy mei absolút net yn twaen. It wurdt in mêst foar in tsjalk", fertelt Jellema. No't der gjin besikers yn de mûne komme, hellet de mole allinne noch ynkomsten út dy houtseagerij.
Symen Jellema oer mûne De Rat
Mar net allinnich de besikers meie net mear komme, ek de frijwilligers sitte thús. "Dat is hiel jammer. Mar nije wike meie se wer ien foar ien wat komme." Der is in spesjaal roaster makke, sadat de frijwilligers wer helpe kinne yn De Rat.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De Rat út 1711 is as balkeseager boud yn de Zaanstreek. Troch de Fjirde Ingelske Oarloch en de Frânske tiid wie de hannel oer see sterk werom rûn en dêrtroch ek de skipsbou. Dizze situaasje trof de houtseachmûnen. In soad waarden ferkocht of nei in oar part fan it lân bocht. Sa ek De Rat. Yn 1828 kocht de boargemaster en keapman fan Drylts, Ringnalda, de mûne mei mûnder Hessel Vellinga. Se brochten De Rat nei Fryslân, dat minder lêst hie fan ekonomyske tebekrin. De mûne waard as boupakket út elkoar helle en wer opboud yn Drylts.