Noardeast-Fryslân en Dantumadiel: 'Gemeentefûns moat better ferdield wurde'

19 maaie 2020 - 15:21

De gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân fine dat it jild yn it gemeentefûns better en earliker ferdield wurde moat. Gemeenten krije jild út dy pot sadat se har taken útfiere kinne. It Ryk wol it jild no oars ferdiele. Hoe krekt is noch net dúdlik, mar der wurdt sein dat der in ferskowing komt fan jild fan it plattelân nei de stêd en ek fan east nei west.

It gemeentehûs fan Dantumadiel - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It gearwurkingsferbân fan grutte plattelânsgemeenten makket him der bot soargen oer en wol him der foar ynsette dat dy werferdieling net ta skea giet fan it plattelân.

Dantumadiel en Noardeast-Fryslân stypje it gearwurkingsferbân yn dat stribjen. "It kin net sa wêze dat gemeenten dy't it faak finansjeel al dreech ha op dizze manier ekstra de dupe binne", seit wethâlder Rommy Kempenaar fan Dantumadiel. "Koartingen as gefolch fan in werferdieling fan it gemeentefûns kinne we der op dit stuit absolút net by ha", sa seit Kempenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)