Genêzen asylsikers wer werom nei Snits

19 maaie 2020 - 14:23

In part fan de groep asylsikers mei corona, dy't foarige wike fan it azc yn Snits ferhúzje moast nei Zoutkamp, mei wer werom. It giet om minsken dy't by de earste testronde yn it azc mei it firus besmet blieken te wêzen. Sy binne genêzen en net mear besmetlik en hoege dêrom net mear yn isolaasje, meldt it Centraal Orgaan opvang asielzoekers (COA).

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De groep fan 27 asylsikers waard oerpleatst, om't der net genôch romte wie om de besmette bewenners en harren famyljeleden ôf te skermjen. De ferwachting is dat de kommende dagen mear minsken út Zoutkamp werom kinne nei Snits.

De asylsikers dy't net mei corona besmet blieken te wêzen, meie ynkoarten ek wer út karantêne. Sy moasten yn karantêne om't sy mei famylje of húsgenoaten wennen, dy't wol mei it firus besmet wienen.

Wurdfierder Jacqueline Engbers fan it COA

(advertinsje)
(advertinsje)