Man flibet frou yn Ljouwert yn it gesicht

19 maaie 2020 - 14:09

De plysje yn Ljouwert hat moandeitemiddei in 24-jierrige man oanhâlden om't hy in frou yn it gesicht flibe hie. De frou wurket by in ynstelling oan de Eewal en waard dêr troch de man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak ûnderflibe.

Foto: Plysje

De frou hat oanjefte dien tsjin de man foar mislediging en mishanneling. Om wis te wêzen dat de man net besmet is mei it coronafirus, moat de man ek meiwurkje oan in coronatest.

(advertinsje)
(advertinsje)