Keamerlid De Vries: "Gau yn oerlis, kapasiteit feartsjinsten is bottleneck"

De ûndernimmers op Skylge en Flylân moatte op koarte termyn mei Rederij Doeksen yn petear om te sjen hokker oplossingen der binne foar de beheinde ferfierskapasiteit. Dat fynt Aukje de Vries, dy't foar de VVD yn de Twadde Keamer sit.
© ANP
Neffens De Vries is de lege kapasiteit fan de feartsjinsten in 'bottleneck'. Se begrypt de soargen fan de eilanner ûndernimmers, by wa't it wetter oant de lippen stiet.

Rap yn oerlis

"Kapasiteit is wol in pynpunt", seit Aukje de Vries. "Wy hawwe in soad petearen hân mei ûndernimmers op 'e eilannen. De problemen binne grut. It liket my foaral goed dat beide partijen rap yn oerlis gean om te sjen hokker oplossingen wol mooglik binne."
De foarsitters fan de ûndernimmersferieningen fan Skylge en Flylân hawwe direkteur Paul Melles fan Doeksen moandei in lilke brief skreaun. De ûndernimmers op it eilân krije nochal wat annulearringen, omdat de boaten mar in beheinde kapasiteit hawwe troch alle coronamaatregels.
"Supermerken op 'e fêste wâl draaie de lêste tiid grutte omsetten, mar op de eilannen is dat folle minder. Faak sels mar in fraksje fan de reguliere omset. Dus dêr moat echt wol nei sjoen wurde", fynt de VVD-politika.
Aukje de Vries fan de VVD
De Vries begrypt goed dat Doeksen him oan de coronamaatregels hâlde moat, mar tinkt dat faker farre miskien wol in oplossing is. "Mar ik wit net oft de rederij dat dwaan kin. De drokte moat ek net te grut wurde."

"Doeksen tinkt mei"

Neffens direkteur Paul Melles fan Doeksen is it net earlik om de skuld by de rederij te lizzen. "Wij snappen volledig de pijn die het eiland heeft. Dat wij niet meedenken of helemaal niks doen, dat is pertinent niet waar. Wij proberen op alle mogelijke manieren een oplossing te bedenken. Feit is wel: er wordt van ons verwacht dat wij verantwoord met die coronamaatregelen omgaan, en dat heeft inderdaad enorme beperkingen met betrekking tot de capaciteit van de veer."