Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden docht iepening fasearre

De Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden hat in plan opsteld om noch foar de simmer in diel fan de studinten wer op skoalle te krijen. Mar om grutte oantallen giet dat perfoarst net. Der wurdt tocht oan sa'n tsien persint fan it totaal.
Ljouwerter hegeskoalle NHL Stenden docht iepening fasearre
De earste studinten dy't wer nei skoalle komme meie binne de studinten mei in beheining. Foar dy studinten wie it de ôfrûne moannen faak lestich om mei te dwaan oan de online lessen of opdrachten. Derneist soene de studinten dy't ôfstudearje de kâns krije moatte om wer op skoalle te kommen. Dêr wol NHL Stenden mei besykje de stúdzjefertraging sa goed mooglik te beheinen.
Wannear't dizze earste groep studinten wer yn Ljouwert komme kin, hinget foar in grut part ôf fan wat it kabinet dêroer beslút. NHL Stenden hopet fan heal juny ôf wer stadichoan los te kinnen, mar hoe't dat krekt moat wolle se ek beprate mei de Feilichheidsregio.
Neffens bestjoerder Klaas Wybo van der Hoek fan NHL Stenden sil it yn alle gefallen net sa wêze dat der grutte kloften studinten tagelyk wer op it terrein fan de hegeskoalle omspane. It giet yn earste ynstânsje echt om lytse groepen.
© Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
In ekstra obstakel foar it wer opstarten fan de lessen is dat studinten net yn de spits gebrûk meitsje kinne fan it iepenbier ferfier. It kabinet hat sein dat studinten sa min mooglik mei bus of trein nei skoalle komme moatte, en as it net oars kin dan allinnich tusken 11.00 en 15.00 oere.
"Dat maakt de puzzel voor ons natuurlijk nog wel een stukje groter," sa seit Van der Hoek. "Heel veel van onze studenten komen met het openbaar vervoer, zelfs als ze in de stad wonen. Als ze alleen tussen 11.00 en 15.00 uur in de bus mogen, moet je dus je lestijden daar op aanpassen." Dat soe neffens Van der Hoek betsjutte dat de lessen dy't oanbean wurde of tusken dy twa tiden oanbean wurde of jûns letter as de spits wer ôfrûn is. "Dan mogen de studenten ook weer in het OV reizen, maar het maakt het allemaal wel een stuk ingewikkelder."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Yn septimber soe it oantal studinten omheech kinne sa as it no liket. Van der Hoek wol him dan benammen rjochtsje op de nije studinten. "Het gaat dan vooral om de eerste honderd dagen van de studie. Dan willen we ze zoveel mogelijk binnen hebben. Uit onderzoek blijkt dat dat heel belangrijk is om de nieuwe mensen echt een binding te laten hebben met hun nieuwe studie."

Geduld

De rest fan de studinten moat noch efkes geduld dwaan, neffens Van der Hoek. Pas yn febrewaris takom jier soe der wer op gruttere skaal ûnderwiis mooglik wêze moatte. En dat soe betsjutte dat in diel fan de studinten hast in jier lang net of kwealik op skoalle west hat en allinnich online les krigen hat."