FNP Ljouwert: "Fysyk gearkomme ûnferstannich en boppedat ferkeard sinjaal nei bûten"

19 maaie 2020 - 12:50

De FNP-fraksje yn de gemeente Ljouwert fynt it in minne saak dat de gemeenteried wer fysyk gearkomme wol. No't de coronamaatregels stadichoan ferromme wurde, is de fraksjefoarsitters frege om inoar op ien lokaasje te moetsjen, bygelyks yn WTC Expo of Neushoorn. De measte partijen sjogge dat wol sitten. Der moat noch offisjeel oer stimd wurde, mar de FNP fynt it hiel ûnferstannich en seit dat der boppedat in ferkeard sinjaal ôfjûn wurdt.

Gemeente Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân

"Der binne dochs leden fan partijen dy't it dreech fine om thús digitaal gear te kommen. Sy fine it makliker om inoar fysyk te moetsjen, bygelyks om't se thús lytse bern hawwe of net in goed wurkplak hawwe om rêstich gear te kommen," seit fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga fan de FNP. Ferline wike krige Tuininga in notysje fan de gemeente Ljouwert oer it plan. "Ik haw al praat mei de griffier en sein dat wy in ienheid yn Fryslân binne en dêrom ek ien sinjaal ôfjaan moatte nei bûten ta."

"...Wettelijke verplichte samenkomsten vallen buiten het algemene verbod op samenkomsten. Raadsvergaderingen vallen binnen deze categorie. Als het gaat om voorbereidende bijeenkomsten voor dergelijke bijeenkomsten, komen we al snel in de interpretatie terecht. Gesteld kan worden dat de voorbereiding voor een besluitvormende raad noodzakelijk is. Daarbij horen dan ook de fractievergaderingen, Open Podia en Politieke dialogen. Als ik kijk naar de interpretatie die o.a. de eerste en de tweede kamer toepassen dan kunnen ook dergelijke voorbereidende vergaderingen fysiek doorgaan zonder dat daarmee de regels worden overtreden..."

(sitaat út notysje fan griffier gemeente Ljouwert, 12 maaie 2020)

Ferkeard sinjaal

"Ik fyn dat wy as gemeente in min sinjaal ôfjouwe nei bûten ta, as wy as ried wol wer gearkomme, wylst bygelyks ûndernimmers yn de hoareka- of sportsektor noch wachtsje op definityf grien ljocht oft se de doaren iepenje meie foar gasten."

Tuininga begrypt dat der wer in tiid komme moat dat der stappen set wurde nei it 'nije normaal.' "Wy hawwe lykwols noch in hiel lyts skoftke foar it simmerreses, lit ús dat dan ek ôfwachtsje." Neffens de fraksjefoarsitter ferrint de beslútfoarming digitaal hiel goed. "Fansels binne der minsken dy't thús oare saken hawwe, lykas lytse bern, mar ik bin fan miening dat sy dan thús sykje moatte nei oare oplossings."

Ek Partij 058 en 50PLUS binne neffens Tuininga partijen, dy't it leaver ek stadichoan dogge. "Om fysyk gear te kommen moatte wy earst ferbouwe, bygelyks de publykstribune beskikber meitsje foar riedsleden of plak ekstern regelje, bygelyks by WTC Expo of Neushoorn. "Foar dy oantal wiken oant it reses makket dat ek net mear út. Ynformative parten kinne wy prima thús folgje, mar foar beslútfoarming kinne wy der by wêze. Dêr hoecht de hiele fraksje dan ek net oanwêzich by te wêzen."

FNP-fraksjefoarsitter Jan-Willem Tuininga

(advertinsje)
(advertinsje)