Wachtlisten MCL wol trije moannen, soarchpersoniel wurdt al folslein ynset

19 maaie 2020 - 12:20

De wachttiden by it sikehûs MCL yn Ljouwert kinne oprinne oant wol trije moannen. Dat jildt benammen foar ortopedy, KNO en eachhielkunde. De behannelingen hawwe in skoft stillein yn ferbân mei it coronafirus en alle net-spoedeaskjende saken binne doe útsteld. Ek al kinne se by it MCL noch net op folle krêft oan it wurk, saak is wol om de wachtlisten sa gau as mooglik fuort te wurkjen.

"We hebben een hele periode patiënten niet kunnen zien", fertelt Marit Wagenaar. Sy is unithaad fan it sintrum ortopedy fan it MCL. "Sinds half mei zijn wij de zorg weer aan het opstarten, maar dat moet natuurlijk met inachtneming van de coronamaatregelen."

Kapasiteit mei helte tebekrûn

De ôfdieling ortopedy fan it sikehûs MCL, mei ek in fêstiging yn Harns, seach foar de coronakrisis yn trochsneed sa'n tweintich pasjinten yn 'e oere. No binne dat der noch mar acht. It tal pasjinten dat dêr terjochte kin, is dus mei mear as de helte tebekrûn.

"We zijn eerst begonnen met het inplannen van patiënten van februari", neffens Wagenaar. "Er wordt gekeken naar de patiënten die het langst op de wachtlijst staan. Ook proberen we zo veel mogelijk telefonisch te doen. Dit is vooral om te zorgen dat niet iedereen tegelijk het ziekenhuis in hoeft."

As minsken earnstige klachten hawwe, kinne se fansels ek earder holpen wurde. De spesjalisten sjogge kritysk nei de klachten fan pasjinten en beoardielje oft sy earder of letter holpen wurde kinne.

"Zorgpersoneel volledig ingezet"

De wachtlisten rapper fuortwurkje, troch bygelyks ek wykeins en jûns troch te gean, is gjin opsje, neffens Wagenaar. "Op dit moment hebben we namelijk nog steeds de zorg voor de coronapatiënten en tevens de triage bij de ingang. Het zorgpersoneel wordt al volledig ingezet."

Unithaad Marit Wagenaar

(advertinsje)
(advertinsje)