Syb & Henk: fytsend en sjongend de 11 stêden by del

19 maaie 2020 - 11:42

Sjonger Syb van der Ploeg en âld-Alvestêdetochtwinner Henk Angenent stappe tongersdei, op Himelfeartsdei, op de fyts om tegearre de Alvestêdetocht te fytsen. Yn alle stêden bringe se besite oan in fersoargingstehûs. "Wy wolle dizze kwetsbere groep hiel graach in hert ûnder de riem stekke. Krekt dizze minsken hawwe it swier yn dizze tiid, no't se mar min kontakt hawwe kinne mei harren famylje," seit Van der Ploeg. "Mar ek harren famyljes en it soarchpersoniel fertsjinnet in triuwke yn 'e rêch."

Foto: ANP

De fytsaksje wurdt organisearre yn gearwurking mei provinsje Fryslân foar it projekt 'Fryslân yn Ferbining.' Deputearre Douwe Hoogland: "De coronakrisis hat in grutte impact op de leefberens yn ús provinsje. Mei Fryslân yn Ferbining wolle wy de mienskip bemoedigje en minsken fierder helpe yn dizze drege tiid. De bydrage fan Syb en Henk is dêryn in geweldich inisjatyf. "

It startsein wurdt jûn yn de Swettehaven yn Ljouwert, tongersdeitemoarns om 7.15 oere. Om 21.00 oere hinne hat it ôfslutende optreden plak yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Syb van der Ploeg

(advertinsje)
(advertinsje)