GGD Fryslân jout net mear alle dagen corona-update

19 maaie 2020 - 11:07

GGD Fryslân meldt fan dizze wike ôf net mear alle dagen de sifers fan de nije besmettings en oan COVID-19 ferstoarne minsken. Oanlieding is dat de sifers no alle dagen hiel leech binne. GGD Fryslân jout allinnich noch in oersjoch op moandeis, woansdeis en freeds. Freeds bringt GGD Fryslân in wikeberjocht mei in útlis om sa de trend fan dy wike te beskriuwen. Mochten de deistige sifers feroarje, dan past GGD Fryslân de publikaasjemominten wer oan.

In oersjoch fan de lêste sifers fan de GGD Fryslân en it RIVM op de kaart

(advertinsje)
(advertinsje)