Noard-Fryske Winkeltsjesrûte coronaproof wer iepen: "Wy stean te popeljen"

De coronakrisis treft net allinnich de winkels yn de stêden, mar ek dy op it plattelân. Yn it noarden fan Fryslân steane winkeleigeners te popeljen om wer klanten te ûntfangen. Minsken kinne dêr ynkoarten wer by de Noard-Fryske Winkeltsjesrûte del.
Op souder fan De Terp © Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
De eigeners fan de by de Noard-Fryske Winkeltsjesrûte oansletten winkeltsjes en ateliers hawwe ferskate maatregels naam, sadat klanten der coronaproof sneupe kinne. Dorian Hofker fan servyswinkel 'Bij de Pastorie' yn Reitsum. "De ûndernimmers hawwe posters op de ruten om te wizen op de coronamaatregels, desynfeksjemiddel stiet klear en der stean strepen op de grûn. Alles om de maatregels te garandearjen."

Rûte oan de Waadkust

De Noard-Fryske Winkeltsjesrûte is in 60 kilometer lange rûte by bysûndere winkeltsjes en ateliers del yn ferskate doarpen yn Noard-Fryslân. De rûte rint lâns de Waadkust fan Hallum nei Burdaard. Minsken kinne oan de hân fan in rûtekaart mei de fyts of auto by de dielnimmende saakjes del. Yn 2018 waard it 5-jierrich bestean fan de rûte fierd.
Neffens Hofker is it nettsjinsteande de coronamaatregels noch altyd lekker sneupe by de winkeltsjes. "Der is altyd wol wat moais te sjen. It binne allegear bysûndere winkeltsjes, ateliers en in tsiismakkerij. Je kinne dêr aardige dinkjes keapje, bygelyks spesjaal diggelguod, servys, brokante of glês yn lead. Boppedat is it noait hiel drok by ús winkels op it plattelân.
Gewoanwei wie de winkeltsjesrûte altyd op de lêste sneon fan de moanne, mar no binne de winkeltsjes alle tongersdeis, freeds en sneons iepen. "De winkeleigeners wolle graach wer oan de slach en de minsken wolle der graach op út. Sjoch, minsken moatte ús net ferjitte en just no is it lekker rêstich winkeljen by ús, rêstiger as yn de stêd."
Dorian Hofker fan servyswinkel 'Bij de Pastorie' yn Reitsum